Dokkum krige bolwurken nei bluodderige Spaanske ynfal

De Waalse Furie, eksposysje Museum Dokkum © Museum Dokkum
De binnenstêd fan Dokkum sa't dy der no útsjocht, is foar in grut part ta stân kaam yn de Spaanske tiid. Spaanske troepen en Waalske hierlingen foelen yn 1572 de stêd yn, plonderen en moarden om de geuzen en de pro-Willem van Oranjebefolking te ferjeien. Oer dy tiid is yn Museum Dokkum de eksposysje 'De Waalse Furie' te sjen.
It is de tiid fan de Tachtichjierrige Oarloch en it ûntstean fan de steat Nederlân sa't we him no kenne, fertelt Hans Groeneweg, direkteur en konservator fan Museum Dokkum.
Furie betsjutte yn dy tiid moardzje en feniele. Der wiene mear 'furies', lykas de Antwerpse Furie.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Opfallend oan De Waalse Furie yn Dokkum is dat der in tsjûge is. Hendrik van Bra (1554 Dokkum - 1622 Kampen) wie derby yn 1572 en skreau op wat er seach en meimakke. "Dat is heel bijzonder voor die tijd", fynt Groeneweg.
Van Bra docht ferslach fan de perioade as Dokkum om bar beset wurdt troch de Spaanske troepen, troch de geuzen en de boargers dy't yn opstân kamen, en dêrnei wer bluodderich ynnaam waard yn wat bekend stiet as 'De Waalse Furie'. It gie derom wei, neffens konservator Groeneweg: "Het was echt moord en doodslag."
De bolwurken waarden yn dy tiid oanlein © Museum Dokkum
Dit diel fan de skiednis fan de stêd hat oant no ta te min omtinken krigen. "Het is voor Dokkum van grote betekenis geweest. Er is veel veranderd na die periode. De stad ging er anders uitzien." Doe waarden bygelyks ek de ferneamde bolwurken oanlein. "Die zijn ontstaan omdat men niet meer zo'n Waalse Furie wilde."
De stêd Dokkum hie yn dy tiid al in wichtige funksje yn de regio, neffens Groeneweg en stie ek noch yn ferbining mei iepen see. Der wie in Admiraliteit, in soart marine avant la lettre.
Waalse furie
Der binne dingen bykaam, mar ek dingen ferlern gien yn dy tiid, giet Groeneweg fierder. Sa waard de katolike Abdijtsjerke sloopt. De hege toer wie oant dy tiid byldbepalend foar de stêd Dokkum.
De útstalling yn Dokkum is ûnderdiel fan in grutter gehiel. Dizze eksposysje makket diel út fan it lanlike betinkingsjier 'Berte fan Nederlân'.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Der is mear as de eksposysje. Sa litte saakkundigen op in sympoasium yn de Bonifatiusstêd freed harren ljocht skine oer de Tachtichjierrige Oarloch, De Waalse Furie en de brânstichtingen yn de stêd Dokkum.
By de útstalling ferskynt in boekje oer De Waalse Furie, publisearre troch Ihno Dragt foar de stichting Historia Doccumensis.