Grutte fragen by Waadferiening: wat betsjut ferkeap NAM foar gaswinning?

Gaswinning troch de NAM boppe It Amelân © ANP Foto
Oaljebedriuw Shell en partner ExxonMobil ha de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) yn de ferkeap set. NAM hat foar ferskate plakken yn Fryslân de fergunning om gas te winnen. Wat gebeurt dêrmei, wol de Waadferiening witte.
Frank Petersen fan de Waadferiening is bang dat de keaper net it bêste foar hawwe sil mei de Waadsee. "Misschien is het, een beetje flauw gezegd, een cowboybedrijf, een kozakkenbedrijf of een sjeikbedrijf. Het is volstrekt onduidelijk wat er nu gaat gebeuren", seit Petersen.
"We moeten er niet aan denken dat het unieke natuurgebied straks naar een bedrijf gaat dat misschien alleen gewend is om in een woestijn olie en gas te winnen."

Fergunning wegerje

Ynkoarten nimt it kabinet in definityf beslút oer de gaswinning yn it Waadgebiet by Ternaard. Petersen docht in oprop oan it kabinet: "Beslis nu dan om die vergunning helemaal niet te verlenen. Dan heb je ook geen zorgen meer over de instandhouding van de natuur."
Petersen wiist derop dat de steatssekretaris it foech hat om de fergunning foar in nije eigener te wegerjen. "Bijvoorbeeld bij zorgen over de financiële positie, maar ook als het onzeker is wat het voor het milieu betekent."
Grutte fragen by Waadferiening: wat betsjut ferkeap NAM foar gaswinning?