Ynsidint mei transformator by Tytsjerk hat "geen gevolgen voor leveringszekerheid"

De wagen ligt nog erg scheef © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It mislearre transport fan de 250 ton swiere transformator woansdeitejûn hat gjin direkte gefolgen foar de stroomfoarsjenning.
"Het kan natuurlijk wel zo zijn dat het een vertragend effect heeft op onderhoudsprojecten en bouwprojecten", seit wurdfierder Matthijs Coops fan TenneT, "maar we moeten nog bekijken wat dat precies betekent. Voor de leveringszekerheid heeft het geen gevolgen."
By it ûngelok rekke in wetterlieding skansearre. Der wurdt hurd wurke om de problemen mei de lieding op te lossen. Tagelyk wurdt der sjoen nei in oplossing foar de transformator, dy't noch altyd op syn kant neist de dyk leit. "Het is natuurlijk een heel zwaar gevaarte en het is niet zo eenvoudig om het te bergen."
Wetterlieding skansearre by mislearre transport transformator
De transformator sakke woansdeitejûn by it transport nei heechspanningsstasjon Louwsmar fuort yn de boaiem, en dondere dêrnei om. Oan it transport wie oardel jier planning foarôfgien, yn kombinaasje mei boaiemûndersyk en ferskate testen.
Neffens Coops is de netbehearder op dit stuit drok dwaande om te sjen wat der nedich is om de transformator fan syn plak te krijen. Hy koe noch net sizze oft dat in kwestje fan dagen, wiken of miskien sels moannen is.
Fierder is noch net dúdlik oft de transformator skea oprûn hat by de crash. By it ûngelok binne gjin minsken ferwûne rekke. Der sil ûndersyk dien wurde nei de oarsaak fan it mislearre transport.