Nije Redúster Doarpsmûne wurdt tongersdei lang om let opboud

De mûne komt oan yn Reduzum © reduzum.com
Yn Reduzum is it safier: de nije wynturbine wurdt tongersdei lang om let opboud. Stichting Doarpsmûne Reduzum siet koartlyn noch mei swithantsjes om't it ûnwis wie oft de kabels der op tiid lizze soene.
Ferskate ûnderdielen binne woansdei al mei frachtweinen nei Reduzum ta riden. De bedoeling is dat de leveransier de turbine tongersdei frij rap yninoar sette kin. It waar kin lykwols noch wol foar wat fertraging soargje. "Mar de flagge kin út", seit Jeljer Zijlstra fan de stichting.
It sil noch oant 13 oktober duorje foar't de nije Doarpsmûne echt draaie kin, skat Zijlstra yn. Want nei it bouwen moatte de kabels noch nei it transformatorstasjon en fierder moat de mûne noch ynregele en test wurde foar't er los mei.

Fertraging

Foar it opbouwen moast netwurkbehearder Liander kabelwurk dwaan, mar dat rûn troch personielskrapte fertraging op. Mei de boufak waard it wurk útsteld. Eins soene de kabels der healwei july al lizze, mar der folgen wiken oan fertraging.
Dat makke de oanlis wol spannend, want yn de planning hinget alles oaninoar fêst. En de stichting woe de mûne op tiid klear hawwe, om't it seizoen mei de measte wyn just no foar de doar stiet.

Droegen troch de mienskip

De âlde Doarpsmûne kaam út 1994 en wie oan ferfanging ta. Boppedat woe it doarp wol in hegere mûne, de ashichte wurdt no 46 meter. De âlde mûne hie de hichte fan de as op 36 meter. De âlde mûne by de Blauwe Tent is yn maaie ôfbrutsen.
De plannen foar in nije mûne spylje al jierren. De stichting hat der flink oan lûke moatten, want der wie ûnder oare gedoch mei de provinsje oer de hichte, problemen mei de romte op it net en it wis wêzen fan subsydzje.
Nije Redúster Doarpsmûne wurdt tongersdei lang om let opboud
Der is no in koöperaasje oprjochte foar de nije mûne. Dêr moasten op syn minst 500 húshâldens lid fan wurde, om yn oanmerking te kommen foar subsydzje. Dat wie ek noch spannend, want Reduzum, Idaerd en Friens hawwe mar sa'n 550.

Belutsenheid en fertrouwen

Ein juny waard lykwols dúdlik dat it "binnen no time" slagge wie: der binne no sa'n 540 leden, fertelt Zijlstra. Net allinne út de trije doarpen, mar ek út bygelyks Grou, Jirnsum en Wytgaard. Want yn dat postkoadegebiet koe men ek noch partisipearje.
Uteinlik komt 83 persint fan de koöperaasjeleden út Reduzum sels. Dêr is Zijlstra grutsk op, want it lit neffens him sjen hoe grut it draachflak is foar de mûne. "It seit wat oer de belutsenheid fan de ynwenners yn de omjouwing fan Reduzum, dy't dochs it fertrouwen jûn hawwe om sa'n turbine te realisearjen."

Sels de broek ophâlde

De 'winst' dy't ophelle wurdt mei de mûne, wurdt ek yn maatskiplike inisjativen stutsen. Sa is der earder jild gien nei ûnder oare de basisskoalle en it doarpshûs, mar ek nei ledferljochting en sinnepanielen yn de omjouwing. Mei de eigen mûne kinne de doarpen sels har eigen broek ophâlde, sa is de bedoeling.
Troch de hege enerzjyprizen op it stuit sil de mûne yn elk gefal de kommende moannen mear opleverje as begrutte.