Transformator fan 250.000 kilo sakket troch it fean by Tytsjerk

De wein sakke folslein wei yn de grûn en de transformator bedarre yn de berm © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Yn de Louwsmarpolder ûnder Ljouwert is woansdeitejûn in grutte transformator troch it fean sakke. It gefaarte fan sa'n 250 ton soe pleatst wurde yn it heechspanningsstasjon Louwsmar by Tytsjerk.
De transformator wie woansdeitemiddei mei in skip oankaam yn de polder. Hy moast sa'n 500 meter troch it lân ferfierd wurde, foar't er oankaam by de trochgeande dyk. Healwei dat earste stik gie it mis doe't it transport troch it fean sakke. De transformator bedarre dêrby op 'e sydkant.
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar seach hoe't de transformator omfoel
Oan de operaasje wie mear as oardel jier fan planning foarôfgien. Sa is der boaiemûndersyk dien en binne der tests útfierd mei in fergelykber gewicht.

'Niemand gewond'

Omjouwingsmanager Maarten Scholten fan netbehearder TenneT jout yn in earste reaksje oan dat hy noch net goed wit wat der krekt bard is. "Het voornaamste is dat er niemand gewond is geraakt. Verder kunnen we nu niks zeggen over de oorzaak, anders dan dat het transport omgevallen is. Hoe dat kon gebeuren, daar moeten we nu onderzoek naar doen. Dit is een enorme klap voor ons allemaal."
De âlde transformator, fan 170 ton, is tiisdei noch fuorthelle oer itselde paad. "De baan heeft zich toen goed gehouden. Maar dat was het transport van gister."
Oft de transformator noch wurket en hoe lang oft it duorret foar't er fuorthelle wurde kin, is noch net dúdlik.
De transformator wie op wei nei in heechspanningsstasjon