De toan fan Froukje Sijtsma: "It winnende lot"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Ik hie it ynienen yn de kop: ik woe stommegraach in pryske winne. Net dat myn libben net kompleet is sûnder in triedleaze stofsûger of in jier fergees waskpoeier, mar soms kinne je ynienen dreame fan in fjouwerdaachse fytsfakânsje oan de Moezel as dat de haadpriis is by in wedstriid.
Ast meidochst oan priisfragen, dan bestiet fansels de kâns datst ek in kearke wat winst. Lykas de mem fan myn freondinne Marieke, dy't geregeld rebussen, trochrinners en Sweedske puzels oplost en ynstjoert.
De toan fan Froukje Sijtsma
Sa mochten Marieke en ik yn ús studintetiid in wykeintsje fuort nei in superlúks hotel yn Delft. Wûn troch har mem. Dy sloech diskear sels efkes oer, want sy hie al faker miny-fakânsjes wûn. Se bleau leaver sitten yn har nije sta-op-stoel mei blommemotyf, dy't sy fertsjinne hie mei in treffende slachsin.
As lyts famke die ik ris mei oan in kleurwedstryd fan it Friesch Dagblad. It wie in grutte ferrassing doe't der wiken letter op in middei in besoarger foar de doar stie. Ik wie ien fan de priiswinners en krige in prachtige lispuzel. Ik wie o sa grutsk.
Winne, it is in hearlik gefoel. En dêrom blêdzje ik altyd fuort troch nei de sudoku's, wurdsikers en krúswurdpuzels, as de nije Friesland Post by Omrop Fryslân op de lêstafel leit, of as it ledeblêd fan de ANWB yn de brievebus falt.
Winne is goed foar dyn mentale sûnens, lês ik yn Quest. "Winnen maakt mensen blij. Als je wint, krijg je een extra dosis van het hormoon testosteron. Dat verhoogt vervolgens de hoeveelheid dopamine, waar je een gelukkig gevoel van kunt krijgen."
In gelokkich gefoel dus. Mar hoefolle puzels oft ik de lêste tiid ek oploste, ik foel mar net yn de prizen. En mei myn enoarme driuw om dy trofee no einlings ris yn de wacht te slepen, waard ik ek hieltyd minder sinniger. Sa klikte ik fuort op 'JA' by in winaksje fan soarchfersekerder De Friesland, ek al wist ik net heal wat der no krekt te skoaren foel.
Mar dat wurdt in wike letter fuort dúdlik. "Gefeliciteerd, je hebt twee kaarten gewonnen!" Ik sit fuort rjochtop yn 'e stoel en fiel de adrenaline streamen. Haw ik dan no lang om let dat pryske wûn dêr't ik sa bot nei lange?
Ik lês dat ik op de lêste sneon fan septimber yn sporttenue yn de bosk fan Oranjewâld ferwachte wurd foar in Adventure Trail. "Glibberend over modderige paden, kruipend tussen laaghangende takken en hoog gras. Het is een tactisch spel waarbij keuzes maken in een race tegen de klok en fysieke inspanning je uitdagen tot het uiterste te gaan."
Fansels lit ik mysels net kenne, en jou ik myn freon en my op. Mar wy sille de kommende wiken noch wol efkes goed traine moatte, want by in aktiviteit fan in soarchfersekerder wurdt grif in fikse eigen bydrage ferwachte. Wy sille ús bêst dwaan, en dan sille wy by de finish wol efkes sjen oft wy ek yn de prizen fallen binne."