Harkemase Boys hellet earste punt mei lykspul tsjin Staphorst

Joris Voest yn aksje © Orange Pictures
Harkemase Boys hat it earste punt fan dit seizoen yn de tredde divyzje binnen. Op Sportpark De Bosk waard it 0-0 tsjin VV Staphorst.
Nei goed in healoere like de thúsploech op foarsprong te kommen fia Berwout Beimers, mar syn goal waard ôfkard om't er ek in oertrêding begie.
De wedstriid op De Harkema waard nei santich minuten koarte tiid stillein om't de ljochtynstallaasje dermei ophold. Doe't dat probleem ferholpen wie krige de Fryske ploech noch in tal grutte kânsen yn de slotfaze, mar ta in doelpunt kaam it net.
Harkemase Boys stiet no mei ien punt út fjouwer wedstriden op it santjinde en ien-nei-lêste plak yn de tredde divyzje.