Trochfytsrûte Drachten-It Hearrenfean stap tichterby mei stipe provinsje

Fytse, goed foar liif en lea © ANP
De oanlis fan in trochfytsrûte tusken Drachten en It Hearrenfean is in stap tichterby kaam. De provinsje hat tasein om it projekt mei de helte te stypjen. It kostet yn totaal 10,8 miljoen euro.
"Dat hat wol de trochslach jûn", seit wethâlder Durk Durksz fan Opsterlân. "Want as je alles sels betelje moatte, dan drukt it wol hiel bot op de gemeenterekken." Mei buorgemeenten Hearrenfean en Smellingerlân besiket Opsterlân it foarinoar te krijen. De oanfraach moat noch wol by de gemeenteried del, mar Durksz giet fan goedkarring út.
Yn dat gefal soe yn 2023 úteinset wurde kinne mei it oanlizzen fan it trochfytspaad, dat ûnderdiel wurdt fan in netwurk fan rappe fytsrûten troch de provinsje. "En der binne ek noch in pear stikjes dy't noch bûten de subsydzje falle. Tusken Drachten en Oerterp wurdt ek wurke oan in trochfytspaad."

Breed en beton

In trochfytspaad moat, sa't de namme al sei, genôch romte jaan om troch te fytsen. Dat past neffens de wethâlder by dizze tiid, wêryn't ek flugge, elektryske fytsen hieltyd faker brûkt wurde. "It grutste ferskil is dat sa'n trochfytspaad in stik breder is. It wurdt ek útfierd yn beton, dat makket it makliker fytsen mei hegere snelheden."
Opsterlân wol dêrmei ek it bûten wêzen en it pakken fan de fyts stimulearje. "It past ek by duorsumens. En boppedat moat it ek wat knyppunten yn it ferkear oplosse, troch op guon plakken de fytsers fan de dyk te heljen."