Smellingerlân sjocht noch hieltyd mooglikheden foar farwei nei Drachten

It Prinses Margrietkanaal by Skûlenboarch © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De gemeente Smellingerlân sjocht noch hieltyd mooglikheden foar in nije farwei fan it Prinses Margrietkanaal nei Drachten. De provinsje hat dêr earder dit jier in streek trochhinne set, omdat it net út kinne soe.
Boppedat soe de farwei neffens de provinsje net goed wêze foar de natuer en de rekreaasje, stiet yn it rapport fan de provinsje oer de farwei.
De gemeente Smellingerlân sjocht dat oars. Dy hat it ûndersyk fan de provinsje nei de farwei nochris besjen litten troch in saakkundige. Neffens de wethâlder is it útsûnderlik dat sa'n ûndersyk fan de provinsje oerdien wurdt.

Nij ûndersyk

De konklúzje fan it nije ûndersyk is lykwols oars. De saakkundige dy't it ûndersyk dien hat tinkt dat der wol deeglik mooglikheden binne foar in farwei. It provinsjale ûndersyk dêrnei hat net djip genôch west, seit er.
Smellingerlân sjocht noch hieltyd mooglikheden foar in farwei nei Drachten
In foarbyld út it nije rapport is dat der net fierder sjoen is as de ekonomyske belangen fan Drachten, wylst in goede haven mei goede berikberens foar de beropsfeart wichtich is foar de hiele ekonomy.

Opnij besjen

It rapport fan de provinsje soe dus net breed genôch wêze, dêrom wol de gemeente Smellingerlân dat de provinsje nochris nei de mooglikheden sjocht. Se binne dêr wol let mei, want it foarstel fan Deputearre Steaten oan de Provinsjale Steaten wurdt yn de folgjende gearkomste al behannele, en dat foarstel sil wêze om fan de farwei ôf te sjen.
Smellingerlân sil Deputearre Steaten net mear freegje om dat foarstel yn te lûken. Wol sette se útein mei in lobby en wolle se Steateleden ynformearje oer it nije ûndersyk. Dêrmei wolle se dochs de mooglikheden ûndersykje foar dy farwei, sadat der gruttere skippen nei Drachten kinne.