Unike lûdsopnamen digitalisearre: sa praten Friezen hûndert jier ferlyn

It Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) hat in rige lûdsopnamen út 1927 digitalisearje litten. Dêrop is te hearren hoe't hûndert jier lyn Frysk praat waard. De opnamen binne fan no ôf ek online te beharkjen.
It giet om de âldste opnamen fan de trije Fryske talen: it Westerlauwersk Frysk, it Noardfrysk en it Sealterfrysk. Dy opnamen steane op 75 skellakplaten, ek wol 78 toerenplaten neamd. De platen hawwe sawat in iuw yn de opslach lein, earst by de Provinsjale Biblioteek (PB) en letter by Tresoar.
'Polygoansjoernaal yn it Frysk'
Foar it digitalisearjen wurke it FFAA gear mei de Fryske Akademy (FA) en Tresoar. It is unyk materiaal, seit taalkundich ûndersiker Eric Hoekstra fan de akademy. "It jout in moai byld fan de tiid. En je hearre hoe't de útspraak fan lûden feroare is. Krekt of hearre je in Polygoansjoernaal, mar dan yn it Frysk."
Unike lûdsopnamen digitalisearre: sa praten Friezen hûndert jier ferlyn
It 'deftige' dat in Nederlânsk Polygoansjoernaal oer him hat, hat it âlde Frysk neffens Hoekstra net. "Yn it Frysk hat der noait sa'n ferskil west tusken 'heech' en 'leech' Frysk."
Frysk yn Nederlân en dêrbûten
Njonken ús Westerlauwersk Frysk steane der ek dialekten út East- en Noard-Fryslân yn Dútslân en Denemarken op de platen.
Mar ek fan 'ús Frysk' binne in soad ferskate farianten. Tusken de opnamen sit in soad Klaaifrysk en Wâldfrysk, mar ek Súdwesthoeksk, Hylpersk, Aastersk, Westersk, Skiermûntseachsk en Biltsk.
It Frysk stie in de jierren '60 en '70 steviger yn de skuon.
"It Súdwesthoeksk is mear beynfloede troch it Hollânsk as bygelyks it Klaaifrysk fan de Dongeradielen", seit Hoekstra. "Dat hat ek mei de skiednis te krijen. It súdwesten leit tichter by de Rânestêd en benammen oer it wetter wie der in soad kontakt."
Dochs waard it Frysk doe minder beynfloede as no. "De druk út it Hollânsk wei is folle grutter wurden. Dat komt troch it ûnderwiis en ek trochdat bern no al hiel jong foar de Nederlânsktalige telefyzje sitte. Oant de jierren '60 of '70 wie dat net sa. It Frysk stie doe steviger yn de skuon en koe syn eigenheid better bewarje."
'Sosjale status is sterker wurden'
Dat ferwetteret no, mar de sosjale status is just sterker wurden, leit Hoekstra út. "Op it plattelân praten minsken Frysk. As se yn de stêd kamen, krigen se yn it Hollânsk antwurd. No kinst op folle mear plakken mei it Frysk terjochte, bygelyks yn sikehûzen en gemeentehûzen."
Dat komt neffens Hoekstra troch in soad ynspannings fan ferskate organisaasjes en ynstellings. "As dat allegear net bard wie, wie it útstoarn. It hat no dan wol net de sosjale krêft fan in standerttaal, mar it hat wol folle mear status as in dialekt. En ek mear as yn 1927."

Dat dit materiaal hjoed-de-dei fan wearde wêze soe, hienen se doe al yn de gaten. 'Sokke platen binne ûnforslytber, sadet men troch in grammofoon oer tûzen jier yette in Skylger ef Hynljipper praten hearre kin', skreau Geert Aeilco Wumkes, bibliotekaris fan de Provinsjale Biblioteek al yn de jierren '20. De Provinsjale Biblioteek is opgien yn Tresoar.
Universiteit fan Berlyn
Fjouwer jier earder, yn 1922, wie de lûdsôfdieling fan de Universiteit fan Berlyn begûn mei it prestizjeuze projekt en waarden alle Dútske dialekten yn binnen- en bûtenlân fêstlein. Dat soe barre mei in fonograaf op 'skellakplaten'. Dat binne platen mei in laachje skellak, oarspronklik in ôfskiedingsprodukt fan luzen dat meardere yndustriële tapassingen hat.

Professor Theodor Siebs, spesjalist op it mêd fan de Fryske taal yn Dútslân, kriget de lieding oer de opnamen yn 'e Fryske talen. Siebs kaam nei Ljouwert ta om mei Wumkes te praten oer it opnimmen fan dialekten fan it Westerlauwersk Frysk.
Wumkes regele provinsjale subsydzje en socht sprekkers byinoar. Begjin april 1927 melden de ynsprekkers harren by de Kânselarij yn Ljouwert foar de opnamen.
Utstoarne dialekten
De opnamen fan Siebs binne de âldste systematyske audioregistraasjes fan de trije Fryske talen en dialekten. Der sitte ek opnamen tusken fan dialekten dy't al útstoarn binne, lykas dy fan de lêste sprekker fan it Wangereachsk, in dialekt fan it Eastfryske Waadeilân Wangeroog.
Online beskikber
Harkje hjirûnder nei in seleksje fan de lûdsfragminten yn de ferskate dialekten fan it Westerlauwerskfrysk dy't digitalisearre binne. Mear materiaal is te finen en te beharkjen op archieven.nl (kolleksje Fries Film & Audio Archief) en op it Soundcloudkanaal fan it FFAA.
Klaaifrysk
Wâldfrysk
Súdwesthoeksk
Hylpersk
Skiermûntseachsk