Hinder foar de skipfeart troch ûnderhâld oan de slûzen yn de Ofslútdyk

De slûs by Koarnwertersân © Omrop Fryslân
Rykswettersteat wurket yn it twadde part fan septimber oan de slûzen by de Ofslútdyk. Autoferkear kin gewoan trochride, mar de skipfeart sil der wol hinder fan ûnderfine.
It giet om in ynspeksje dy't alle jierren dien wurdt. Troch it wurk binne de slûsdoarren bûten wurking en de slûskolk is ôfsletten.
Rykswettersteat mjit oft de slûsdoarren en oangryppunten goed ôfsteld binne. Ek komt der oanfarbefeiliging foar de kearslûs, wurde de slûsdoarren test en in kameramêst ferhege.
De Stevinslûs is fan 12 oant en mei 14 septimber ticht foar de skipfeart. Boaten kinne dan omfarre nei de Lorentzslûzen. Tusken 19 en 21 septimber is de grutte kolk en tusken 22 en 23 septimber de lytse kolk fan de Lorentzslûs ticht.
De ôfslutingen jilde fan 08.00 oant 17.00 oere. Skipfeart moat rekken hâlde mei langere wacht- of fartiden.