Resinsje iepenloftspul De Jacht: "Jager en proai"

Henk te Biesebeek beskôget iepenloftspul De Jacht © Omrop Fryslân
It iepenloftspul fan Jorwert hakt der wer yn: in skoalmaster dy't beskuldige wurdt fan seksueel misbrûk. In oangripende foarstelling dy't alle emoasjes fan it publyk bespilet. Mei sa no en dan in brok yn 'e kiel en triennen yn 'e eagen.
Nei it sukses fan de foarstelling It Feest oer ynsest, doarde Jorwert it oan om dit jier wer in beladen tema op de planken te bringen. De Jacht, nei de film Jagten fan deselde Deenske regisseur Thomas Vinterberg. It ferhaal fan in suksesfolle artyst, dy't nei in turbulinte karriêre kiest foar in takomst as skoalmaster yn syn bertedoarp.
En mei sukses. De bern binne mâl mei him. Dat wurdt lykwols oars as syn learlinge Ella fereale op him rekket. En as dy leafde net beäntwurde wurdt 'wraak' nimt troch seksueel tinte opmerkings oer him te meitsjen. Oanlieding foar de skoallieding om it hiele doarp hjiroer te alarmearjen.
Wybo Smids as de skoalmaster mei syn bern © Piet Douma
It publyk wit fan it begjin ôf dat skoalmaster Lex ûnskuldich is, mar sjocht ta syn ferbjustering hoe't in mienskip op grûn fan geroften in persoan beskuldigje en útkoarje kin. En eins útsjitte en ferneatigje wol. De ûnmacht giselet de taskôger dan troch it liif. De tsjustere kant fan de mienskip. De grime fan de massa sa werkenber. En yn dizze tiid fan hast demoanyske polarisaasje mei coronaferset en boere-opstân, aktueler as ea.

Massahystery

Lokkigernôch hat regisseur Tjerk Kooistra de humor net ferjitten. Noch mar krekt fan misbrûk beskuldige, fertrout de haadpersoan ús bygelyks ta dat er eins hiel goed is yn bêd: "Ik sliep nammentlik samar..." Sjoch, dat jout de dregere teksten wer de nedige lucht. Al giet jo de grize oer de grouwe as de mienskip yn har massahystery sels it hûntsje fan de master net mije wol.
De jagers fan it doarpke Eastwurd meitsje har klear foar de jacht © Christel Pieper
Wat dat oanbelanget alle lof foar Wybo Smids, dy't de haadrol fan skoalmaster Lex foar rekken nimt. Dat er knap aktearje kin, wisten we fansels al. Hy waard net foar neat hjirfoar provinsjaal ûnderskieden.
Prachtich om te sjen hoe naturel en tûk oft hy dit kear syn persoan delset. Hoe knap ek hoe't Smids yn al syn emoasjes nea oer de top hinne giet. En krekt om't hy it fertriet lyts hâlde kin, krijt it publyk de kâns om ticht by him te kommen en syn pine te fielen.

Jong talint

Smids fynt dêrby oars yn 'debutant' Björn Sinnema in treflik tsjinspiler. Hoe hearlik is it om te sjen hoe't de manlju as akteur it bêste yn har beiden nei boppe witte te heljen.
Jorwert hat dit jier mear romte foar nij talint. Mayte Veenstra bygelyks. Sechstjin jier âld noch mar. Mar o sa oertsjûgjend as de dochter fan de skoalmaster. Dan mei Gaiske Meinsma ek net oerslein wurde. Wat in drege rol hat sy foar har kiezzen krigen: it wat nuveraardige skoalfamke dat mei har fantasy op 'e hol slacht en de boarne fan alle kwea wurdt. Gean der mar oan stean.
Gaiske Meinsma as Ella en Mayte Veenstra as Milou © Piet Douma
Yn dit rychje fan pluspunten kinne we net om it dekôr hinne. Draaide de tribune it ôfrûne jier noch om it poadium hinne, dit kear draait it poadium sels yn 'e rûnte. In houten konstruksje mei op- en delgongen foar de spilers jout faasje oan de ferskillende sênes en tilt de taskôger fisueel fan de iene nei de oare lokaasje.

Apocalypse Now

Moai ek hoe't troch in hast benearjende beljochting it isolemint fan de haadrolspiler delset wurdt. Dat driigjende byld mei dy wrede mienskip om Lex hinne, die my sels eefkes tinken oan de demoanyske drôvens yn de oarlochsfilm Apocalypse Now.
De wrede mienskip op jacht nei har proai © Christel Pieper
Wat regisseur Tjerk Kooistra yn syn bewurking faaks wat oars oanpakke kinnen hie, is it slot fan de foarstelling. Dat wringt. En allinnich minsken dy't de oarspronklike film sjoen hawwe begripe dat yn de feestlike jachtpartij yndied in kûgel op Lex ôfsketten wurdt. Troch dit skot, de kûgel mist him krekt, wit de haadpersoan dat hy foar guon jagers in proai bliuwe sil.
De oare taskôgers kinne dat boadskip oars wol oanfiele. Hoewol't Lex fan alle beskuldigingen frijsprutsen is, sil hy ivich skeind bliuwe. Sa as ús beppe Klaske gauris fersuchte: "De wrâld is net sa min, mar de minsken koene better." It makket De Jacht net minder aktueel.