Foeke Booy oer syn takomst by Cambuur: "Er zit enorm veel twijfel"

Foeke Booy yn de SportCast © Omrop Fryslân
Foeke Booy wit net oft er kommend seizoen noch technysk manager is by SC Cambuur. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf en hy twivelet deroer oft er wol by de klup bliuwe wol, fertelt er yn de SportCast.
It hawwe drokke wiken west foar Booy. De Ljouwerters wiene oant op 'deadline day' dwaande mei it heljen fan nije spilers. Sa kocht de klup Daniël van Kaam fan FC Groningen en hierde de klup op 31 augustus noch Felix Mambimbi fan Young Boys.
It grutte doel fan Cambuur wie de ôfrûne moannen it keapjen fan Osame Sahraoui fan it Noarske Vålerenga, fertelt Booy. "De speler en zijn management wilden ook graag, maar zij hebben met een eigenaar te maken die heeft gezegd dat het niet gaat gebeuren."
In liening fan Bert van den Brink, de man dy't ek al foar twaenheal miljoen euro sertifikaten fan Cambuur kocht, moast de oerstap fan Sahraoui mooglik meitsje.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De kommende moannen steane yn it ramt fan beslissings op de lange termyn. Wat docht Cambuur yn de transferperioade fan jannewaris? En yntusken moat de klup alwer sjen nei ôfrinnende kontrakten fan nei dit seizoen.
By dy kategory heart ek it kontrakt fan Booy sels. Hoe sjocht hy nei syn takomst yn Ljouwert? "Daar moet ik wel even over nadenken. Ik heb al eerder gezegd: als we het dit seizoen niet redden, dan heb ik hier niets meer te zoeken. Dan ga ik weg", fertelt Booy.
Hast fiif jier lyn waard Booy oansteld om derfoar te soargjen dat Cambuur earedivyzjefuotbal spilet yn it nije stadion. Dat wurdt, as der gjin fertraging mear komt, oplevere oer in jier.

Twivels

Ek as Cambuur him dit seizoen hanthavenet, wit Booy net oft er bliuwe wol. "Ik weet het niet. Ik ben op dit moment enorm aan het twijfelen. Ik zou het hier graag willen zeggen, maar dat doe ik niet omdat ik het niet netjes vind. Er zit enorm veel twijfel. Er zullen twee punten zijn die dat aanwakkeren. Daar ga ik rustig over nadenken."
Booy sil dat de kommende tiid dwaan. "Dat kan nu ook, want daar is nu even tijd voor. In het interlandweekend ga ik er even een week tussenuit. Dat is een moment om alles de revue te laten passeren en naar de toekomst te kijken", seit de 60-jierrige Ljouwerter, dy't mei klam seit dat syn twivels neat mei syn sûnenssituaasje te krijen hawwe.
Mear as in jier lyn waard er troffen troch in harsenynfarkt. Sûnt desimber is er wer folslein oan it wurk.
De SportCast fan moandei 5 septimber