De sinne-opgong temjitte rinne foar omtinken foar selsmoardprevinsje

Walk into the Light © Omrop Fryslân, Esther Leystra
Mei in groep kuierders de sinne-opgong temjitte rinne om omtinken te freegjen foar selsmoard en selsmoardprevinsje. Dat is wat moandeitemoarn op acht ferskate lokaasjes yn Nederlân barde.
Sa ek yn Harns. Dizze 'Walk into the Light' is de offisjele start fan de suïsideprevinsjewike. De kuiertocht begûn ier en betiid by de Westerseedyk yn Harns. Om healwei sânen sette in groep fan sa'n 25 dielnimmers út ein mei de tocht.
Jessica Marinus is ûnderfiningssaakkundige op it mêd fan selsmoardprevinsje: "Alle partijen dy't har dwaande hâlde mei gedachten oan de dea hawwe meidien oan de kuier", fertelt se. "Dus dan hawwe je it oer minsken dy't der sels mei kampe, neisten, neibesteanden, beliedsmeiwurkers en direkteuren."
De sinne-opgong temjitte rinne foar omtinken foar selsmoardprevinsje
It doel fan de 'Walk into the Light' is om stil te stean by it ûnderwerp en om suïside besprekber te meitsjen. Fierder wurdt der omtinken jûn oan minsken dy't troch suïside om it libben kaam binne en oan har neisten.
Dat de kuier by sinne-opgong wie, hat in reden: "Om út it tsjuster wei nei it ljocht te kuierjen, want sa kin it fiele as je gedachten oan de dea hawwe", fertelt Marinus.
Dielnimmers oan de Walk into the Light © Omrop Fryslân, Esther Leystra
It is bot nedich om omtinken te jaan oan selsmoard, fertelt Marinus. "Op dit stuit ferstjerre yn Nederlân noch sa'n 1800 minsken yn it jier troch selsmoard. En dat bart faak yn iensumens. Der is faak gjinien om dyjinge hinne en gjinien dêr't dyjinge it mei diele kin."

Grutte wanhoop

"Ek is der faak grutte wanhoop", leit Marinus út. Eins fine wy dat minsken net iensum ferstjerre moatte. It is noch in hiel grut taboe om stil te stean by hoe't minsken mei libben en dea omgean. Wylst it eins it gewoanste ûnderwerp is dêr't wy mei ús allen mei te krijen hawwe."
Help nedich? Belje 0900 - 0113 of chat online op www.113.nl (24 oeren deis en 7 dagen yn 'e wike)