Oekraynske Dariya fan De Gordyk pakt har libben wer op en begjint stúdzje yn Grins

Dariya by de bushalte fan De Gordyk © Omrop Fryslân
"It jout in goed gefoel dat ik no sizze kin: Ik bin studint!" De 18-jierrige Oekraynske Dariya Merkotan fan De Gordyk begjint hjoed, ta grutte ferrassing fan harsels, as earstejiersstudint oan de Ryksuniversiteit Grins.
"Ik wist earst net iens dat dat koe, hjir studearje as Oekraïner. Myn gasthear op 'e Sweach wiisde my mei op de mooglikheid. Ik fiel my gelokkich dat it no safier is."
Dariya bedarre in heal jier lyn as ien fan de earste flechtlingen út Oekraïne mei har heit en mem by in gastfamylje yn Beetstersweach. Se wie de ôfrûne winter studinte oan de universiteit fan Kiev doe't se flechtsje moast foar de oarloch.
De earste moannen die Dariya in soad frijwilligerswurk foar Oekraynske flechtlingen yn Opsterlân. Mei har kennis fan it Ingelsk wie se de hiele dei oan it oersetten foar har heit en mem, foar oare Oekraïners en foar de Opsterlânske frijwilligers.
Oekraynske flechtlinge Dariya fan De Gordyk pakt har libben wer op en begjint stúdzje yn Grins

Tagong ta universiteit net samar regele

Se hold dêroer in skoftke in deiboek by foar Omrop Fryslân. Ofsjoen fan in inkeld online kolleezje oan har âlde universiteit kaam fan studearjen net folle mear. Har gasthear op 'e Sweach - André Mintjes - naam Dariya al gau mei nei Grins om har de universiteit sjen te litten en de mooglikheid te ûndersykjen om dêr te studearjen.
Mar tagong krije ta de RUG sûnder Nederlânsk vwo-diploma giet net samar. Dariya moast talittingseksamen Ingelsk dwaan en in soad dokuminten sammelje. Dêr wie se in grut part fan de simmer mei besteld. In Oekraynske freondinne dy't itselde besocht waard ôfwiisd, nei alle gedachten omdat it nivo fan har Ingelsk net goed genôch wie.
Studearje is better as de hiele dei it nijs út Oekraïne folgje.
Dariya Merkotan
De mooglikheid om wer studearje te kinnen betsjut in soad foar Dariya. "It wie hiel dreech en stressfol doe't ús libben samar ôfbrutsen waard troch de oarloch. Studearje liket my in geweldige ôflieding. Ik krij no grif in soad taken en opdrachten. Dat is better as de hiele dei it nijs út Oekraïne folgje."

"Ik bin mear as flechtling"

Dariya fynt it spannend én geweldich dat se no de kâns krijt om yn Nederlân te studearjen. "De universiteit hjir is grif oars as yn Oekraïne. Mar ik bin grutsk en bliid. Ik kin no in nije stap yn myn libben sette en oan myn takomst wurkje."
Dariya wennet no mei har heit en mem op 'e Gordyk yn in hûs foar Oekraynske flechtlingen.
De stúdzje oan de RUG jout Dariya de kâns om sels wer foarm te jaan oan har libben. "It jout in goed gefoel dat ik no sizze kin: Ik bin studint! Earder moast ik sizze dat ik flechtling bin. Dat is fansels wier, mar it is ek in tryst ferhaal. Ik bin mear as flechtling. De status fan studint jout my in gefoel fan frijheid en selsbetrouwen."
De reis fan De Gordyk nei Grins duorret - op syn koartst - ien oere en tsien minuten © Omrop Fryslân
Mei help fan in studinte-OV sil Dariya alle dagen mei de bus fan De Gordyk nei Grins reizgje, in reis fan op syn minst fiif kertier. Dariya hat it der graach foar oer. "Ik haw teminsten in plak om te wenjen. Ik wit dat der yn Grins genôch bûtenlânske studinten binne dy't neat fine kinne. Yn de bus kinne je in boek lêze, in podcast beharkje of in bytsje bysliepe."
Dariya krijt it noch drok, want se wol ek besykje om online kolleezjes te folgjen oan har âlde universiteit yn Oekraïne en in bybaantsje sykje. Hoe drok oft se it ek krijt, de oarloch is noait fier fuort.
"Koartlyn wie der loftalaarm yn myn stêd Tsjerkasy. We koene doe dagenlang gjin kontakt krije mei pake en beppe. Dy mankearje gelokkich neat, mar sokke mominten binne altyd hiel stressfol. Echt feilich is it dêr noch hieltyd net." Dariya sjocht dan ek bot út nei de dei dat de oarloch yn Oekraïne foarby is en se har famylje en freonen wer opsykje kin.
In soad Oekraynske flechtlingen hawwe neffens har geregeld drege dagen. In dip of sels in depresje kin dan it gefolch wêze. "Sokke dagen haw ik ek hân, mar dêr moatte je net yn hingjen bliuwe. It libben giet fierder en ik wol sjen dat ik in goeie oplieding krij."
Harkje nei Dariya Merkotan (oerset yn it Frysk)
Harkje nei Dariya Merkotan (yn it Ingelsk)