Seldsume wrotmûs ferdwynt út it Fryske marregebiet, mar ekolooch hâldt hoop

In ûndersiker hâldt in rottekop (noordse woelmuis) fêst © ANP/Marcel van Kammen
De tige beskerme rottekop ferdwynt út hieltyd mear gebieten yn Fryslân. De 'noordse woelmuizen', sa as sy yn it Hollânsk hjitte, binne allinnich noch weromfûn oan de Iselmarkust, yn De Alde Feanen en by It Sân by Koudum.
Dat docht bliken út nij ûndersyk fan ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga yn opdracht fan de provinsje. Der is grutskalich ûndersyk dien troch mûzekeutels te sammeljen en te analysearjen mei DNA-techniken.
Soargen oer it seldsume mûske de rottekop sieten yn 2000 de komst fan in pankoekpaviljoen yn it paad by Terherne. Dy noed liket no wol terjochte, want de soart liket hielendal ferdwûn te wêzen út it Snitsermargebiet. By de lêste ynventarisaasje is de rottekop net mear weromfûn. En ek yn de Grutte Wielen by Ljouwert is de soart al hiel lang net mear sjoen.
It lân by de Snitser Mar is net mear geskikt foar de rottekop © Remco de Vries
Om de konkurrinsje mei oare mûzesoarten oan te kinnen, moat in gebiet sa no en dan ûnderstrûpe. Dat bart hast net mear, wêrtroch't it leefgebiet fan de mûs wol hiel lyts oan it wurden is. Ek op plakken dêr't sy noch wol sitte, is de trend negatyf.
Yn Limboarch is earder in fokprogramma opstart om de seldsume 'eikelmuis' te rêden. Dat soe hjir ek kinne, wêrby't der benammen yn it Lauwersmargebiet geskikte plakken foar binne te finen, tinkt de by it ûndersyk belutsen ekolooch Marten Sikkema.

Kânsen

"Dat soe in hiel moai plak wêze om dêr mûzen dy't fongen en opkweekt binne út oare gebieten wei wer te yntrodusearjen", seit Sikkema. "Ek binnen de Fryske marregebieten lizze dêrfoar bêst wol kânsen."
Staatsbosbeheer hat bygelyks yn it Snitsermargebiet it meanen oanpast, om it wer geskikter te meitsjen. Sikkema hat de hoop noch net opjûn dat de rottekop dêr dochs wer opdûkt.