Partoer Steenstra wint yn Penjum mei alles oan 'e hang

Hans Wassenaar © Dijks Media / Sietse de Boer
PC-winners Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar ha de op ien nei lêste frijeformaasjewedstriid fan it seizoen wûn. Yn de finale yn Penjum wienen se mei 5-5 6-6 te sterk foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos.
De twa partoeren makken der in moaie finale fan. Op 3-2 6-6 hiene Van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra in gatsje slaan kind. Dat slagge net, om't de opslach fan Van der Bos krekt bûten gong.
Dêr profitearren Steenstra-en-dy optimaal fan. Dy pakten trije buordsjes op in rige en kamen sa op 5-3. Van der Bos kaam werom oant 5-5. In protte earsten waarden beslikke op 6-6 en dat wie yn it lêste earst wer sa.
Mei alles oan 'e hang wie it Steenstra oan de opslach. Hy hie yn de finale al njoggen kear de opslach bûten slein - wêrûnder op 5-4 6-6 - mar hy hold syn senuwen yn betwang en makke de partij út mei in sitbal.
Hans Wassenaar, Tjisse Steenstra en Renze Pieter Hiemstra © Omrop Fryslân, Andor Faber
Dat ta frustraasje fan Taeke Triemstra, dy't tocht dat de bal bûten gean soe. It ferlies is ekstra pynlik foar Van der Bos-en-dy, want in wike lyn ferlearen se de finale fan de Van Aismadagen ek al mei alles oan 'e hang, doe fan it partoer fan Haye Jan Nicolay.
Nicolay kaam no net fierder as de earste omloop. Doe gongen se der hurd ôf tsjin de úteinlike winners: 0-5 0-6. Steenstra-en-dy fersloegen dêrnei noch Bauke Triemstra (5-3 6-4) en Peter van Zuiden (5-4 6-6).
Steenstra waard útroppen ta kening. Troch de oerwinning yn Penjum is de opslagger no ek wis fan de einwinst yn it jierklassemint.

Tuinenga-en-dy winne yn Folsgeare

It partoer fan Ilse Tuinenga, Louise Krol en Sjanet Wijnia pakte de winst by de frije formaasje partij yn Folsgeare. Sy wiene yn de finale te sterk foar Roelie Kroondijk, Amarins de Groot en Jennie Terpstra. De tredde priis wie foar Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra.
Fan 2023 ôf sil Tuinenga tegearre mei Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra in partoer foarmje, om't Nynke Sijbrandij dermei ophâldt.