Ald-haadredakteur LC Rimmer Mulder: "Us mem sei: sjoernalist, dat is wol wat foar dy"

Rimmer Mulder, âld-haadredakteur fan de Leeuwarder Courant © Rimmer Mulder
De grutte húshâlding dêr't âld-haadredakteur fan de Leeuwarder Courant Rimmer Mulder (1948) yn opgroeide hie it net breed, mar hy sjocht werom op in noflike jeugd.
"Ik kin net sizze dat ik in minne jeugd hie. It wie beheind troch it jildgebrek, mar dat wie algemien." Mulder syn grifformearde opfieding rint as in reade tried troch syn ferhaal, as er fertelt oer de jonge jierren yn Drachten.
Hy siet op de CNS, de Christelijk Nationale School oan de Skoalstrjitte. "It wie de 'fine' skoalle. Tichteby kaam letter de 'grouwe' skoalle, de iepenbiere skoalle. Wy fuotballen wol tsjininoar en dan wie der in soad rivaliteit."

God, Nederlân en Oranje

Dy 'fine' skoalle wurdt letter opsplitst as der wer in groepearring is dy't him ôfskiedt. "Grifformearden ha altyd goed west yn it splitsen", laket Mulder wat synysk. Oer de skoalle seit er: "God, Nederlân en Oranje. Dat wie de reade tried troch it ûnderwiis. Wy learden: God hat in plan mei Nederlân en dat is in grifformeard plan."
Oant syn njoggende wenne Mulder oan de Meeuwweg, in smelle strjitte dy't net mear werom te kennen is. It is no de Lange West, ien fan de grutste en drokste strjitten yn Drachten. "It earste oantinken dat ik ha fan dat it echt feroare, wie doe't Philips begûn te bouwen. Dat wie ûngefear tsjinoer ús hûs en dat wie in enoarm bouwurk."
Troch Philips kamen der in soad minsken út it noarden fan Fryslân nei Drachten ta.
Rimmer Mulder
De ynfloed fan Philips wie grut op Drachten, fertelt Mulder. "Troch Philips kamen der in soad minsken út it noarden fan Fryslân nei Drachten ta. Der waarden huzen boud dêr't dy minsken wenje moasten en de grifformearde tsjerke groeide flink."
Dy tsjerke groeide sa hurd dat der sneintemoarns twa tsjinsten holden wurde moasten. "De tsjerke hat ek in heal jier bûten tsjinst west, omdat dy ferboud waard. Doe fûnen de tsjinsten plak yn de kantine fan Philips, want dat wie it iennige plak dêr't safolle minsken tagelyk yn koene."
Rimmer Mulder op de Finnereed yn Drachten © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
It grifformearde leauwen spile in grutte rol yn de famylje dêr't Mulder yn opgroeide. Dy bestie út heit, mem en njoggen bern. Rimmer is de achtste en dus ien fan de jongsten. Dat makke wol wat út, seit hy, want heit en mem waarden wat makliker. Boppedat brochten de âldere bern ek al wat jild yn en dat skeelde ek.
"Wy hiene it wol altyd krap, mar mem wie grutsk. Wy moasten der kreas by rinne en se woe gjin berop dwaan op de diakony of sa." Underling hawwe de bruorren en sussen altyd in goeie bân holden en dat is neffens Mulder in fertsjinste fan syn heit, in tolerant man.

Twivels by mem

Nei de legere skoalle gie Rimmer Mulder op oanstean fan it haad fan de skoalle nei de hegere boargerskoalle (HBS). "Dat wie Offringa. Dy stie der op oan dat ik nei de HBS gean soe. Hy sei tsjin myn âlden dat ik it wol oankoe, mar foaral ús mem twivele. 'Is dat net fierstente folle? Is dat wol wat foar ús soart minsken?', frege se har ôf. Mar Offringa hold oan en ik bin nei de HBS gien."
Op dy middelbere skoalle hie Mulder it meast niget oan skiednis en taal, mar hy die wol HBS B mei wiskunde en natuerkunde yn it pakket. Al fan it momint ôf dat hy lêze koe, lies er alles wat los en fêst siet. En doe't er nei de HBS net wist wat hy moast, foel it each fan mem op in advertinsje yn it Friesch Dagblad. Der waard in learling-sjoernalist frege.
"Us mem sei: 'Dat is wol wat foar dy. Do lêst in bulte.' En se hat gelyk krigen. Ik bin dêr oannommen troch Hendrik Algra en ik fûn it sa leuk dat ik noait wer wat oars by de ein hân ha", fertelt Mulder.
Hy sei: 'As in grifformearde syn leauwen kwyt is, is er ryp foar de SS.'
Rimmer Mulder oer syn âld-baas Pieter Wijbenga
Yn dy jierren wie der noch net in skoalle foar sjoernalistyk. Mulder learde it fak fan sjoernalist yn de praktyk en gie op sneontemiddei noch nei Amsterdam foar fjouwer oeren kolleezje. Dy oplieding is eins de foarrinner foar de skoalle foar sjoernalistyk yn Utrecht. Mulder en in oare learling-sjoernalist fan it Friesch Dagblad binne de lêsten dy't dy oplieding krije.
By it deiblêd wie Pieter Wijbenga Mulder syn baas. Wijbenga wie in fersetsman út de oarloch en goed grifformeard. Yn dy jierren kearde Mulder him krekt wat ôf fan it leauwen: "Dat de ierde yn seis dagen makke is... Letter learst dat dat ûnmooglik is, dus dan begjinst wol te twiveljen. Mar ik ha noait wraksele mei it leauwen of sa. Op in bepaald momint rekkest it gewoan kwyt."

Oan 'e slach by Trouw

Wijbenga moast neat hawwe fan minsken dy't net leauden. "Hy hat wolris sein: 'As in grifformearde syn leauwen kwyt is, is er ryp foar de SS.' Dan bist 18, 19 jier en dan hearst soks." Fryslân en de omjouwing fan it Friesch Dagblad waarden Mulder wat te benaud en hy ferhuze nei it westen fan it lân ta, dêr't er by Trouw in baan krige.
Opnij in kristlike krante, mar wol in krante dêr't beweging yn siet: "Ik ha de generaasjewikseling hiel bewust meimakke. Fan de âldere sjoernalisten dy't noch út de fersetskrante Trouw kamen, nei de jongere sjoernalisten dy't in oare eftergrûn hiene en oars tsjin de maatskippij oan seagen."
Mulder krige de portefúlje Amearika en reizge geregeld op kosten fan de krante de oseaan oer om te skriuwen oer de ûntwikkelingen dêr. Oant de dei fan hjoed folget er de ûntjouwingen yn de Feriene Steaten op de foet.

Feroarjende noarmen en wearden

De tiid by Trouw hat neffens syn eigen sizzen bepalend west foar Mulder. "Alles watst fan hûs út meikrigen hast, it leauwen, de fêste wearden en noarmen, feroaren."
Hy wurke by de GPD (Gemeenschappelijke Persdienst) yn de haadredaksje, doe't der in telefoantsje kaam fan Jaap Noordmans, ien fan de haadredakteuren fan de Leeuwarder Courant.
Rimmer Mulder mei, doe noch, keninginne Beatrix © Rimmer Mulder
"De iepeningssin is wol de muoite wurdich. Hy sei: 'Rimmer, wy sitte der hjir raar om ta.' No ja, dan kinst net mear nee sizze", fertelt Mulder. En sa waard er haadredakteur fan de Leeuwarder Courant. Njonken it managementpart fan dy funksje is er ek altyd trochgien mei it skriuwen fan ferhalen. En hy siet yn bestjoeren fan bygelyks de GPD en it ANP.
De moaiste ûnderskieding fynt Mulder it earelidmaatskip fan it Genootschap van Hoofdredacteuren, mar hy wol him dêr net op oanstean litte. "'Trots' en dat soarte fan wurden brûk ik leaver net." Dochs ûntkomt hy der net oan wat te neamen dêr't er tefreden oer is, as wy it hawwe oer syn tiid by de LC.

Agindasjoernalistyk

"Ik tink dat ik der wol oan bydroegen ha dat it wat iepener wurden is. En de krante die wat tefolle oan 'agindasjoernalistyk'. Ik tink dat ik der wol foar soarge ha dat dat feroare. En dat der spesjalisten kommen binne dy't djipper op in bepaald ûnderwerp yngean koene."
Rimmer Mulder soe 22 jier lang haadredakteur fan de Leeuwarder Courant bliuwe. Noch altyd skriuwt er foar dy krante. Ien kear yn de fjirtjin dagen ferskynt in opinystik fan syn hân. "Dat fyn ik ek moai, want sa bliuw ik mei myn fak dwaande."