It Groat Franeker Diktee makket entûsjast: "Bruke komt earst, skrive kin altyd nòg"

Foar it earst wurdt der yn novimber in 'Groat Franeker Diktee' organisearre. Dat wurdt dien troch it Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers, dat graach in ferfolch jaan woe oan har wurdboek.
Der wiene al it Grut- en it Lyts Frysk Diktee, 't Bildts Diktee en it Groot Stellingwarfs Diktee, mar dit jier kin dêr dus in nije oan taheakke wurde. Op 3 novimber moat it earste Groat Franeker Diktee plakfine yn de Poort van Franeker.
It idee is opset troch trije leden fan it Genoatskap, Gea Iedema, Annalies van der Pol en Anneke Tulp. It is foar har in grut riedsel hoefolle minsken oft der Frjentsjerters staverje kinne, al is dat net perfoarst it stribjen.
"Ut is nyt de bedoëling dat idereen beslist Franekers skrive mut", sa seit Anneke Tulp. "Wij sêge: bruke komt earst, skrive kin altyd nòg. Wêr ut ôns om gaat is dat we de Franeker taal befòrdere wille."
As je wille dat meensen Franekers prate, dan mutte je ut hart sien te raken.
Boppedat bestiet der ek gjin taalles yn it Frjentsjerters. "Al is dat wel un mooi idee", jout Tulp ta. "Wy dòchten: as je wille dat meensen Franekers prate, dan mutte je ut hart sien te raken. Suas in ut sêgje: ast' meensen un boat bouwe laten wilst, mutst se ferlange late naar de see."
Meidwaan is wichtiger as winne, sa is Tulp fan betinken. It biedwurd fan it Genoatskap is dan ek: "Franekers bruke komt earst. Geef kin altyd nòg."
Of sa't Tulp it seit: "Ut gaat der ok om dat ut leuk is. Nyt datst' ut beslist allemaal kinne mutst, maar dastou nocht krijst an de Franeker taal. Fouten binne nyt belangryk, ut is geen wedstriid wêrbij ast' ut beslist goëd doën mutst."
De taal útdrage
De basis leit der al, sa seit de klup. "We hewwe met ut Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers un woardeboek maakt. Dat is heel droog, maar je wille wel dat ut Franekers bestaan bliift. Dan mutte je wat doën, su dòchten wij."
Sa is it plan foar it Groat Franeker Diktee ûntstien. "Ut klinkt in elk gefal goëd, fynst nyt?", seit Tulp.
It Frjentsjerters is ien fan de dialekten fan it Stedsfrysk, lykas dat yn oare foarmen yn bygelyks Ljouwert, Snits, Harns, Boalsert, Starum, Dokkum en op It Hearrenfean praat wurdt. It is in mingtaal, mei eleminten út it Frysk en it Nederlânsk. It Frjentsjerter dialekt ken ek unike wurden dy't net op oare plakken foarkomme.
It Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers fynt syn oarsprong yn 2014, oprjochte troch in tal Frjentsjerters dy't mear omtinken jaan woene oan it stedsdialekt fan de Akademystêd. Sy konstatearren dat net elts har 'taaltsy' mear spruts en woene dêrom mear stúdzje fan it dialekt meitsje en it Frjentsjerters promoatsje troch it te skriuwen en te praten.

Yn 2016 waard foar it earst in taalgids útjûn en sûnt ferline jier hat de stêd al in eigen 'Franeker Woardeboek', dêr't goed sân jier oan wurke is. It waard in flink wurk, mei goed 17.000 lemma's en ynformaasje oer stavering en grammatika.
Skrive en nakike
It is de bedoeling dat it diktee op 3 novimber foar it earst holden wurdt, yn de Poort van Franeker. De trije inisjatyfnimmers foarmje fuortendaalks de sjuery dy't de diktees trochnimt. "Annalies, Gea ik ik kike ut na. Wij wete hoe 't je de saken skrive mutte. We hewwe ok met holpen an ut Woardeboek, dan wete je fan de útgangspunten en de taalregels."
Dat klinkt strang, mar eintsjebeslút is de saak ek net yn kalk en semint. "Toen we met ut Woardeboek begonnen hewwe we ok feul pòlls houden op un besluten Facebookpagina. As we twifelden over un útspraak liten we de meensen soms ok stemme."
Ferskaat oan Frjentsjerters
Op de Frjentsjerter Facebookside die wol bliken dat ek binnen de stêd fariaasje foarkomt as it bygelyks giet om de útspraak. "De ien spreekt woarden heel anders út as de ander." Mar slim is dat net, sa fynt Tulp. "Soms binne der ok meardere manieren: der is mear dan ien waarhyd."
Harkje hjir nei hoe't dat Frjentsjerter dialekt eins klinkt
Wa't 'metdoën' wol oan it diktee, kin him opjaan fia dizze side. Op de webside en sosjale media fan it Genoatskap is yn de oanrin nei it diktee alle wiken in fraach, puzel of taalfeitsje te sjen. Dat moat de doelgroep fan Frjentsjerters, âld-ynwenners en minsken dy't niget hawwe oan it 'Stadsfrys' fêst wat opwaarmje.