Strjitfiskjen is populêr: mei in skepnet jeie op rôffisk yn de stêd

Strjitfiskjen yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Hieltyd mear jongerein docht oan streetfishing - oftewol strjitfiskjen. Dat seit Sportvisserij Fryslân. Strjitfiskerij spilet him net ôf yn de natuer, mar is in hiele aktive wize fan fiskjen op rôffisk yn de stêd.
Je hawwe der ek net in soad ark foar nedich, seit de 20-jierrige Marcel Tabak: "Wy brûke lichte werpangels foar lichte werpgewichten. Dan moatst tinke oan tusken de tsien en de fyftjin gram en bytiden fiif of sân gram."
"By strjitfiskjen is in skepnet hiel wichtich", fertelt er. "Wy hawwe in lytse tas mei, mei in skepnet deroan en in ûntheakmatsje foar de fiskfeilichheid."
Der wurdt mei keunstaas fiske. De hjerst en de winter binne de bêste tiid, want dan lûkt de aasfisk it waarmere wetter fan de stêd yn en dy wurdt wer folge troch rôffisken.

Klisjeebyld

"It klisjeebyld fan de fisker is wol fan de man en frou dy't de natuer yngeane om de rêst", seit Pyt Achenbach fan Sportvisserij Fryslân. Dan is dit hiel wat oars. Der is yn de stêd hiel wat mear ôflieding, mar ek kafees of soksawat foar in flaubyt tuskentroch.
'Streetfishing' hieltyd populêrder
Je kinne it fansels yn in soad stêden dwaan en der is ek in Nederlânsk kampioenskip yn Zwolle. "Op 18 septimber hawwe wy hjir yn Ljouwert in Frysk kampioenskip", seit Achenbach.
"Dan wurdt der fiske yn keppels. Der binne guon by dy't hiel fanatyk binne. Dy oefenje ek yn 't foar en sjogge hoe't de stêd derhinne leit. Sy meitsje ek kuierlinen om te sjen hoe't je it bêste fan it iene stek nei it oare stek komme kinne."

Peniskoker yn in pûdsje

Yn de stêd is de kâns wol wat grutter dat je ris wat oars nei boppe helje. It meast bizarre foar strjitfisker Jilles Spijkstra wie "een peniskoker in een zakje met een slotje erbij".
Leafhawwers fan it fiskjen kinne fan kommende moandei ôf sjen nei it programma Byt! by Omrop Fryslân. Dêryn spylje ferneamde Friezen in haadrol as gastfisker. Dan giet it om bygelyks Lutz Jacobi, Afke Boven, Charles Groenhuijsen en Sybrand Buma.