Gjin fuortsmytprodukten op Into the Great Wide Open

Into the Great Wide Open op Flylân © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Under it motto 'je moatte it ôfwaskje kinne of je moatte it opite kinne', is it festival Into the Great Wide Open op Flylân in proef start om hielendal gjin fuortsmytprodukten te brûken.
Op in soad festivals en eveneminten fynst al bekers dy't opnij te brûken binne, mar op Flylân geane se krekt in stapke fierder.
It servys dêr't minsken fan ite, de kofjebekers, de reidsjes foar de smoothies, de kofjerierstêfkes, alles moat opnij te brûken wêze of je moatte it opite kinne. De measte produkten binne makke fan hurd plestik en wurde ûnder it festival meardere kearen brûkt.
It wie net maklik om foar elk produkt in alternatyf te finen. Mar úteinlik is it dochs slagge. "Voor roerstaafjes in de koffie hebben we heel lang naar een alternatief gezocht", fertelt organisator Daan Stigter. "Uiteindelijk bleek dat er een hard koekje bestaat waarmee je in de koffie kan roeren."
Kofjerierstêfkes dy'tst ite kinst © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Troch de measte besikers wurdt it idee efter it koekje wurdearre, mar oan de smaak moatte de measte minsken wenne. "Hij is vrij hard en taai, maar fijn dat ze deze stappen zetten. Het geeft het besef dat het ook anders kan", fertelt in trouwe besiker fan it festival. Njonken de roerstêfkes binne ek de reidsjes fan de smoothies te iten. Se binne makke fan in soarte fan pasta.
De pastareidsjes © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It festival besparret troch dizze aksje mar leafst 300.000 fuortsmytprodukten. It inisjatyf is ûnderdiel fan in breder ferhaal. Into the Great Wide Open wol yn de kommende jierren de útstjit fan de ôfrûne edysjes wer kompensearje. Dizze proef is dêr de earste stap fan.