Brânsjorganisaasje: "Bûtenlânske toerist wit Fryslân wer te finen"

Boatsjes fol toeristen by Ljouwert © ANP
Nei in simmer fol wetterwille, fytsaventoeren en ferdivedaasje ûnder de foartinte gean minsken werom nei de skoalbanken en kantoar. Tiid om de balâns op te meitsjen foar de rekreaasjesektor. De sektor sjocht werom op in goed seizoen wêryn't de bûtenlânske toerist Fryslân wer wist te finen.
Neffens Petra Ellens fan de brânsjorganisaasje HISWA-RECRON wie it toeristeseizoen lykwols net sa goed as ferline jier. In soad minsken bleaunen doe yn eigen provinsje foar de fakânsje fanwege it coronafirus.

Wer nei it bûtenlân

Ellens: "Dat wie dit jier net mear oan de oarder. We fernimme dat in soad minsken wer nei it bûtenlân gienen. De bûtenlânske toerist wist de provinsje wol wer goed te finen foar har fakânsje."
Ellens sjocht dat it waar derfoar soarge hat dat der dochs ek wol minsken wienen dy't yn eigen lân bleaunen: "We hawwe in waarme simmer hân. Dan lokket it om yn Nederlân te bliuwen."

Op itselde nivo bleaun

Dat byld werkenne se wol by jachthaven en camping De Rakke yn Wâldsein."De foarige jierren wienen wol hiel goed. Mar eins hawwe we dat nivo wol in bytsje fêsthâlde kinnen", seit Otto Spoelstra fan de camping.
Neffens him binne de gasten fan foar de coronatiid weromkaam. Hy sjocht wol dat der mear gasten binne dy't foar koartere perioaden bliuwe.
Weromsjen op it toeristeseizoen