Tredde ferlies foar Harkemase Boys, Bûtenpost wint yn de lêste sekonden

Harkemase Boys is noch hieltyd puntleas yn de tredde divyzje. De Harkiten ferlearen ek harren tredde kompetysjewedstriid. No wie ACV mei 1-2 te sterk.
Krekt foar it skoft kaam Harkemase Boys op efterstân tsjin de ploech út Assen. Niels Grevink makke nei in counter de 0-1.
Nei it skoft kamen de Boys better út de klaaikeamers, mar doe't Iloba Achuna yn de 67ste minút syn twadde giele kaart krige, wie de wedstriid wol beslikke.
Tsien minuten foar de ein fan de wedstriid makke Pascal Huser der 0-2 fan. Yn de slotfaze die Jhurrey Margaritha noch wat werom, mar fierder as dat iene doelpunt kamen de Harkiten net.
Bûtenpost wint
Yn de haadklasse spile Bûtenpost de útwedstriid tsjin Berkum. Yn Zwolle kaam de thúsploech yn de 41ste minút op foarsprong. Mike van Ekeren wie de doelpuntemakker.
Nei it skoft kaam Bûtenpost op likense hichte troch in prachtich doelpunt fan Mark Huizinga. Hy skeat de bal út in lestige hoeke wei yn de goal. Yn de lêste sekonden fan de wedstriid pakte Bûtenpost noch de oerwinning troch in doelpunt fan Rick Weening.