Tessa Kramer wint it NK fierljeppen, Jaco de Groot de bêste by de manlju

De winners fan it NK fierljeppen © Fotopersbureau Martin de Jong
Tessa Kramer hat it NK fierljeppen yn Linschoten wûn. By de manlju gie de oerwinning nei Jaco de Groot.
Nei de foarronde gie De Groot oan de lieding mei 21,19 meter. Dêr kamen syn konkurrinten yn de finale net mear oan. Oane Galama naam yn de finale alle risiko's mei twa wietsprongen as gefolch. Mei in foarrondesprong fan 20,83 meter waard hy dochs twadde. Foar De Groot wie it syn sânde NK-winst.

"Alle sprongen wienen raak"

By de froulju gie it better mei de Friezen. Nei de foarronde gie Tessa Kramer oan de lieding mei 16,67 meter. Dat wie krekt wat fierder as de 16,54 meter fan Marrit van der Wal. Van der Wal besocht de druk derop te setten by Kramer, mar Van der Wal kaam net mear oer de ôfstân fan Kramer hinne.
Kramer wie nei ôfrin euforysk. "Ik siet der de lêste wike hiel goed yn en dan fernimst wol dat it him opbout, dat it hieltyd better wurdt. Hjoed kaam it allegear by elkoar. Alle sprongen wienen raak, hearlik."
Der wie in ferrassing by de junioaren. De grutte favoryt Reinier Overbeek waard twadde. It wie it earste NK dêr't er gjin goud wûn. De winst wie dochs foar in Hollanner. Mei in ôfstân fan 20,84 meter pakte Hidde van Dam net allinnich de oerwinning, mar it wie ek nochris in pr foar him.
"Van jongs af aan ken ik Reinier al", seit Van Dam. "Mijn ultieme doel was om een keer van hem te winnen. Ik dacht dat ik daarvoor nog drie jaar moest wachten, want Reinier gaat naar de senioren, maar ik heb het nu eindelijk een keer gedaan."
Wisse Broekstra wie de bêste Fries op it tredde plak mei 20,50 meter.
Hidde van Dam ferrast by de junioaren

Westert en Bogaard winners by de famkes en de jonges

Ek by de jonges wie in Hollanner de bêste ljepper. Harmen Bogaard pakte de oerwinning mei in kreaze 17,97 meter. Dat wie like fier as de ôfstân fan Ferran Houdijk, mar de twadde sprong fan Bogaard wie better. Brent Monsma wie de bêste Fries. Hy waard tredde mei 17,71 meter.
Lykas sa faak wie Hanneke Westert de bêste by de famkes. Har 15,08 meter wie rom foldwaande om Jeltske Terpstra (13,84 meter) en Gemma van Oosterom (13,46 meter) foar te bliuwen.
"Der siet wol mear yn", seit Westert oer har 15-metersprong. "Ik hie net hiele konstante sprongen. Ik bin bliid mei myn titel, mar it hie wol wat fierder kind."