De blokfluitalvestêdetocht en poëzyfideo's fan Nyk de Vries

Nyk de Vries mei Carsten René Nielsen © Herman Zeilstra
Nyk de Vries betinkt as dichter, skriuwer en muzikant hieltyd nije foarmen en wurket dêryn graach gear mei oare keunstners. Hy giet op blokfluitalvestêdetocht en makket poëzyfideo's. Yn de FryslânDOK 'NYK' wurdt hy folge troch filmer Herman Zeilstra.
FryslânDOK 'NYK' portret fan Nyk de Vries
Sneon 3 septimber NPO2 15.30 oere (werhelling snein 4 septimber 13.30 oere)
Snein 4 septimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK hat Nederlânske ûndertiteling.
In soad fan it wurk fan Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) spilet him ôf tsjin de achtergrûn fan dêr't er opgroeide: de Fryske Wâlden. As studint stoarte hy him mei fjoer yn de muzyk (The Amp en by de band fan freon Meindert Talma) en begûn hy proaza en poëzy te skriuwen.
De Vries wennet yn Amsterdam en syn wurk ferskynt likegoed yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn resinte roman 'Renger' is ek as harkspul útbrocht troch de VPRO.
Nyk de Vries © Herman Zeilstra
Nyk hâldt derfan gear te wurkjen mei oaren. Yn 2019 wie dat mei byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra yn de foarstelling 'Wâldman', oer de tsjustere kearside fan it lânskip fan syn jeugd.
As Dichter fan Fryslân makke Nyk mei filmer Herman Zeilstra acht poëzyfilms. Ien dêrfan is 'Asman', ta eare fan 150 jier stedsreiniging Ljouwert.
Nyk de Vries - Asman © Herman Zeilstra
Yn 'NYK' lit regisseur Zeilstra fragminten fan dy poëzyfilms sjen. Ek reizget er mei yn de trein nei Kopenhagen, dêr't Nyk optreedt mei de Deenske dichter Carsten René Nielsen.
Blokfluitalvestêdetocht Nyk de Vries © Herman Zeilstra
Nyk giet op 'blokfluitalvestêdetocht' mei it Cohda-kwartet, wat útmûnet yn in fluwielen kombinaasje fan houten ynstruminten en poëzy. De film 'NYK' toant Nyk de Vries as in alsidich artyst, dy't mei muzyk en taal, en as de ynnimmende persoanlikheid dy't er no ienkear is, it ferhaal fan syn dichterslibben fertelt.
Herman Zeilstra oer de FryslânDOK 'NYK'