Natuerfrijwilligers yn it sintsje set: "Heel belangrijk in onze natuurgebieden"

Frijwilligers krije in ekskurzje fan boskwachter Henk-Jan van der Veen © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Frijwilligers dy't de natuer in hantsje helpe: dêr binne der hieltyd minder fan en dus fertsjinje de minsken dy't dat wól dogge in moaie ekskurzje. It makket diel út fan de Fryske Frijwilligersdei Natuer, in inisjatyf fan ferskate natuerorganisaasjes.
Alles is rjochte op inoar moetsje, fan inoar leare en inoar ynspirearje. Meidwaan is fergees. By de ekskurzjes leare saakkundigen de belangstellenden soarten werkennen.
Fierder leare se ferskate telmetoaden of it wurkjen mei helpmiddels, lykas apps of oare apparatuer.
Natuerfrijwilligers op in paad mei saakkundigen
Njonken ekskurzjes yn it fjild binne der ek sympoasia, lykas dy oer de rottekop (noardske wrotmûs). Mear algemien binne der workshops as it learen hoe't je it oantal planten yn in gebiet ynventarisearje moatte of it tellen fan de ringslang en njirre.
Frijwilligers krije in ekskurzje fan boskwachter Henk-Jan van der Veen © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Dy dei (of better dagen) wurdt dit wykein hâlden. Frijwilligers kinne kieze út mar leafst tweintich ferskate ekskurzjes en fjildwurkshops. De leafhawwers fan de flearmûs, grutte grûnkrûper of ringslang geane op in paad mei SOVON, Natuurmonumenten, Staatsbosbeheer of It Fryske Gea.
De Zoogdiervereniging en de Fryske Feriening foar Fjildbiology binne ek oansletten by it inisjatyf. "Vrijwilligers zijn heel belangrijk, ze telllen in onze natuurgebieden de planten of dieren. Zo krijgen we hele waardevolle informatie. Uit dankbaarheid willen we ze graag een dag mee op pad nemen", seit Henk Jan van der Veen.
Ien fan de planten dy't fûn is by Rotstergaast © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
By Rotstergaast nimt boskwachter Van der Veen 14 natuerfrijwilligers mei op 'en paad. Se fine dêr ûnder oare it skieppeklokje, de 'klokjesgentiaan' yn it Hollânsk. "Het plantje verdween hier van de heide. We zijn daarom aan het plaggen geweest en nu komt het plantje weer terug."
Gertie Papenburg jout in kursist útlis © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Der kamen in soad ferskate frijwilligers op de eksurzje by de Rotstergaaster Wallen. "De vogelliefhebbers kijken omhoog, de plantenliefhebbers kijken juist weer naar beneden. Dat is nou juist ook het leuke, dat het zo'n gemêleerd gezelschap is", fertelt Van der Veen.