Festival yn de natuer kin op Flylân wol: "Boswachters kijken met ons mee"

Into the Great Wide Open © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Ferskate festivals yn Fryske natuergebieten binne de lêste jierren skrast, mar Into the Great Wide Open is foar it earst sûnt 2019 wol wer los op Flylân. It eilân is sawat ien grut natuergebiet. "De boswachters kijken met ons mee", seit de organisaasje.
It festival Into the Great Wide Open is tongersdeitejûn iepene op Flylân. Krekt as by in soad oare eveneminten is dat foar it earst yn trije jier. Sarah Famke Oortgijsen fan de organisaasje wie no benaud foar in nije oplibbing fan it coronafirus. "Het najaar komt er weer aan natuurlijk. Ik vond het erg spannend."
Festival yn de natuer kin op Flylân wol: Into the Great Wide Open úteinset
De lêste jierren wienen net altyd maklik, leit se út. "Het eerste jaar was het vrij gauw duidelijk dat de stekker eruit ging. In het tweede jaar was er wel de hoop dat er iets kon. Toen zijn we er onder de noemer 'Let it happen' voor gegaan. Zo ongeveer de dag voordat het begon was de persconferentie dat we er weer de stekker uit moesten trekken."
Sarah Famke Oortgijsen © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It coronafirus is net it iennige dêr't de organisaasje rekken mei hâlde moat. Into the Great Wide Open wurdt middenyn de natuer holden. Oare festivals koenen de lêste jierren faak net trochgean yn natuergebieten.
Sa gong der ferline moanne gong noch in streek troch Psy-Fi, it festival Eilân op Skylge mei ek net trochgean en Welcome to The Village is fanwegen fergunningsproblemen ferhûze fan de Griene Stjer nei de Ljouwerter binnenstêd.
Je ziet soms ook dat er een hekje staat om bomen of planten die in aangroei zijn.
Sarah Famke Oortgijsen
By Into the Great Wide Open dogge se alles yn gearspraak mei Steatsboskbehear. "Zij kijken met ons mee waar het kan. In de vorige elf edities hebben we bewezen dat we dit goed kunnen organiseren."
Dat it yn de natuer holden wurdt, is oeral te fernimmen. "Je ziet soms ook dat er een hekje staat om bomen of planten die in aangroei zijn. We hebben een keer gehad dat er in adelaarsnest werd gebroed, toen werd het podium verplaatst."
Flylân wurdt oant en mei snein troch festivalgongers."We hebben tegen de 6700 kaartjes verkocht. Dat is vrij veel, want er wonen 1200 mensen op het eiland. Een soort vloedgolf."

S10 en Froukje

Mear minsken kinne der eins net op it eilân, dus it festival wurdt net grutter, al hat de organisaasje de tongersdei der dit jier foar de earste kear oan fêstplakt.
Der binne optredens fan Nederlânske artysten lykas S10, Froukje en Tim Knol. Mar der komme ek bands út it bûtenlân, lykas Tropical Fuck Storm en Cymande.