Boer Teun de Jong twivelet net mear oan ûnôfhinklikheid Remkes

Teun de Jong, foarsitter fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond © Omrop Fryslân, René Koster
Stikstofbemiddeler Johan Remkes is dochs echt wol ûnôfhinklik, ek al hie de boeresektor dêr syn twivels oer doe't Remkes oansteld waard om de minne ferhâlding tusken boeren en it kabinet flot te lûken. Dat seit Teun de Jong fan it ikkerboufakbûn.
De Jong, bouboer yn Sint Anne, wie juster by it twadde petear dat Remkes mei de boeren hie. Dêr wiene ek premier Rutte en ferskate ministers by.
Rutte easke oan it begjin dat boere-aksjegroep Farmers Defence Force syn ekskuzen oanbea foar de aksjes fan de boeren, mar Remkes liet it petear net stikkenrinne op dy eask.
Ik ha echt respekt foar Remkes syn ûnôfhinklike opstelling.
Teun de Jong
"Doe is Rutte dochs oan tafel bleaun en koe it oerlis begjinne", seit De Jong. "Ik ha echt respekt foar Remkes syn ûnôfhinklike opstelling."
De Jong sjocht dêr goed op werom, want op foarhân hie ek hy syn twivels oer Remkes. "Hy hat foarsitter west fan in stikstofkommisje dêr't swierwagende saken nei foaren kommen binne. De regearing hat er ek holpen mei it regearakkoart, dêr't skerpere foarstellen yn steane as in jier lyn. Dêrom seagen we der wol mei in skeef each nei."
Nei it begjin stienen de hakken wol even yn it sân, seit De Jong. "Mar dêrnei is der iepenhertich diskusjearre. De problematyk út it perspektyf fan de boeren is ek goed nei foaren brocht."
Johan Remkes nei it oerlis mei boere-organisaasjes © ANP
It doel fan de stikstofútsjit yn 2030 troch de helte bliuwt oerein. "De regearing hâldt dêroan fêst, mar Remkes moat noch in rapport oanmeitsje. Dat wurdt oer in pear wiken oanbean. Dus it moat earst mar blike wat yn dat rapport stiet."
Dêrom woene de boere-organisaasjes oan tafel bliuwe en trochprate. "We ha dochs wol sjoen dat der hjir en dêr wat skuorkes ûntsteane. It is net foar neat dat it CDA ferline wike de stien yn de fiver smiet oer de termyn, dat dy net hillich is."

No oan it kabinet en Remkes

De regearing sil mear draachflak wolle by de boeren, ferwachtet De Jong. "It moat noch wol blike oft dat echt sa is. De ministers moatte nei dit petear noch wol werom nei it folsleine kabinet. Dat is krúsjaal foar it fierdere proses."
Yn it oerlis mei Remkes is juster ôfpraat dat it kabinet en boere-organisaasjes sjen sille nei alternativen foar de saneamde 'kritische depositiewaarde'. Dat is hoefolle stikstof oft der neffens de wet yn in gebiet delkomme mei.