Lytser en koarter, mar skraste festival Psy-Fi krijt alternatyf yn Neushoorn

It festival Psy-fi yn 2016 © ANP Foto
It festival Psy-Fi mei fan de rjochter dan wol net trochgean yn it Griene Stjer-gebiet yn Ljouwert, om de leafhawwers temjitte te kommen, komt der no in dêrop ynspirearre festival yn poppoadium Neushoorn.
Dat wurdt lytser en koarter, "mar it kin hooplik it leed wol wat fersêftsje", seit programmeur Wietze Meetsma fan Neushoorn.
It festival yn Neushoorn wurdt net troch Psy-Fi net sels organisearre, mar troch twa oare Ljouwerter organisaasjes: 3rd BIT en Nøthing. Dy soenen op it oarspronklike festival de programmearring op twa poadiums fersoargje.

Protte minsken ha al boekt

"En se woenen dochs graach wat dwaan foar de minsken", seit Meetsma. "Der binne in protte minsken fan fierder fuort dy't hjir yn Ljouwert oernachtingen boekt hienen foar it festival. Dus foar dy minsken, mar ek foar de Ljouwerters, ha we no dochs wat."
It oarspronklike festival soe fan 15 oant en mei 18 septimber wêze. Dit alternatyf is op dyselde snein, de 18e. "Dy wie noch beskikber yn Neushoorn, dus dat skeelt."

Oanpoatsje

Foar de organisatoaren wie it wol oanpoatsjen. "Ferline wike is bekend wurden dat it festival net trochgean koe, en no binne we in goede wike dwaande om te sjen wat we foarelkoar krije kinne. Woansdei ha we de knoop trochhakke."
Watfoar artysten op 18 septimber nei Neushoorn ta komme, is noch net bekend. "Mar de grutte seal wurdt in gebiet foar psychedelyske trance, yn de lytse seal komt techno en dan noch chill-out yn de foyer."
Neushoorn sil der net ryk fan wurde, seit Meetsma. "It is ek noch de fraach wat hjirop ôfkomt. We dogge it echt foar de minsken dy't nei it festival ta soenen. De kaartsjes foar dit alternatyf binne fergees, mei wat ynkomsten út hoareka hoopje we break-even te draaien."