Omrop Fryslân bûten de provinsje tenei net mear te ûntfangen op DAB+ radio's

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân is bûten de provinsje tenei beheinder te ûntfangen op DAB+ radio's. It is in gefolch fan it belied fan Ryksoerheid, wêrtroch't regionale omroppen allinnich noch yn eigen provinsje en in lyts gebiet dêr omhinne te ûntfangen binne.
Ferline jier op 16 desimber is in nije fergunning útjûn oan alle regionale omroppen. Dêr heart ek in oare yndieling fan de stjoerders by. "Dat was nodig om ruimte te maken voor betere geluidskwaliteit", leit Tijmen Brugman fan Regionale Publieke Omroepen (RPO) út. "Maar ook om mogelijk te maken dat sommige stations meerdere zenders kunnen uitzenden."

Better lûd, beheindere ûntfangst

Neffens Brugman betsjut de feroaring, dy't op 1 septimber yngiet, dat de lûdskwaliteit foar regionale omroppen better wurdt. "De geluidskwaliteit van Omrop Fryslân gaat van 64kbps naar 96kbps. Op een goede radio zou je dat verschil moeten kunnen horen."
Dêr stiet tsjinoer dat it gebiet wêryn't Omrop Fryslân bûten de provinsje te ûntfangen is op DAB+, lytser wurdt. "De gebieden zijn kleiner geworden, maar het is wel een logische indeling. De gebieden waren eigenlijk te groot."
It sinjaal fan Omrop Fryslân wie fan IJmuiden oant Arnhem te ûntfangen mei DAB+ radio's; dêr komt no dus in ein oan. De kommende tiid wol Brugman yn de gaten hâlde hoe't de ûntfangst yn de praktyk útfalt. Soarch hat er bygelyks oer de Waadeilannen. "Mogelijk zijn daar aanpassingen nodig."
De regionale omroppen (dus ek Omrop Fryslân) binne sûnt septimber 2015 te digitaal ûntfangen mei DAB+. De Ryksoerheid sjocht DAB+ op termyn as ferfanger foar de analoge FM-stjoerders. Neffens offisjele sifers soe no sa'n 25 persint fan de harkers beskikke oer in DAB+-ûntfanger.
Offisjeel is der noch gjin datum neamd foar de ôfskeakeling fan de FM-stjoerders, mar de regionale omroppen hâlde de rekken mei dat dat al yn 2030 wêze sil. Dêrnei soene de FM-stjoerders útsetten wurde en is mei radio's sûnder DAB+-ûntfangst neat mear te ûntfangen.
Minsken dy't krekt bûten de provinsjegrinzen wenje kinne Omrop Fryslân noch wol ûntfange. Fierder fuort sil dat net mear slagje. "Maar we zien dat het aantal mensen dat van buiten de provincie luistert heel laag is."
Foar minsken fierder bûten de provinsje binne der boppedat oare oplossingen, seit Brugman. "Die mensen kunnen de app van Omrop Fryslân op hun telefoon downloaden of naar de website gaan om naar Omrop Fryslân te luisteren. Veel kabelproviders bieden ook via de kabel regionale radiozenders aan."