Famke om it libben kaam by ûngelok op charterskip op Waadsee

By in ûngelok op in charterskip op de Waadsee is in 12-jierrige learlinge fan in middelbere skoalle út Den Haag om it libben kaam. De plysje meldt dat de mêst fan it skip op it slachtoffer telâne kaam is, op foto's liket it om de gyk te gean.
Op de boat sieten 15 bern fan de skoalle dy't op wurkwike wiene. Yn totaal wienen der 160 bern fan de skoalle op ferskillende skippen oan it farren. Sy binne nei Harns brocht, dêr wurdt it Entrepotgebou brûkt as opfangplak, dêr is ek slachtofferhelp regele.
It skip fan it ûngelok is de Risico. Yn de rin fan de middei is dat skip nei Harns ta brocht. Yn en om it Entrepotgebou is in protte plysje oanwêzich.
Net it earste ûngelok
Boargemaster Ina Sjerps fan de gemeente Harns ferklearret bot skrokken te wêzen. Se fynt it ûntsettend slim wat der bard is. "Een jong meisje is om het leven gekomen op het Wad, bij een tocht waaraan ze heel veel plezier had moeten beleven."
Yn de ôfrjûne jierren is der al twa kear earder in ûngelok mei deadlike ôfrin op in charterskip op it Waad bard. Sjerps wol dêr lykwols noch gjin konklúzjes oan ferbine. "Het enige wat nu telt, is dat er een kind is overleden en dat mag nooit meer gebeuren."
Boargemaster Jan van Zanen fan Den Haag, dêr't de skoalle stiet, reagearre ek skokt: "Tot mijn grote schrik heb ik vernomen dat één leerlinge van Dalton Den Haag overleed op de Waddenzee. Aan de nabestaanden, familie, vriendjes, vriendinnetjes, klasgenoten, docenten en allen die haar lief hadden: sterkte met het dragen van dit grote verlies. Ik leef intens met jullie mee", sei Van Zanen tsjin Omroep West.
De plysje sil ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok dwaan.
"Werkelijk afschuwelijk"
Paul van Ommen fan de brânsferiening foar de beropscharterfeart (BBZ) is bot oandien troch it ûngelok. "Dit is werkelijk afschuwelijk. Mijn eerste zorg is bij de ouders." Van Ommen besiket kontakt te krijen mei de skipper, mar dat is oant no ta noch net slagge.
Van Ommen wol dat der ûndersyk komt nei it ynsidint. "Is hier iets systematisch mis of was dit een 'freak accident'? Er zijn vaker ongevallen gebeurd, daar proberen we lessen uit te trekken. Dat zijn we verplicht aan de slachtoffers aan de rest van de vloot."
Van Ommen stelt dat eltsenien yn de charterfeart de feiligens tige wichtich fynt. "Als je als schipper en bemanning op een schip zit, dan ben je alleen maar bezig met de veiligheid. Ik geloof dat iedereen daarvoor staat."
Wat it ûngelok foar de charterfeart betsjut, is noch net dúdlik. "Ik probeer nu contact te krijgen met de eigenaar en de autoriteiten om te kijken wat er precies aan de hand is en wat we hier als sector mee moeten."
De iepening fan de Fiskerijdagen yn Harns giet troch, mar wurdt fanwege it ynsidint fersobere.