Boskwachters en planteleafhawwers optein mei seldsume wetterplant yn it Nannewiid

Boskwachter Henk-Jan van der Veen mei it grut bearzewier © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Steatsboskbehear is hiel bliid: yn it Nannewiid is in wetterplant fûn dy't foar Fryslân tige seldsum is. It giet om it grut bearzewier.
Boskwachter Henk-Jan van der Veen is dus út de skroeven: "Groot nimfkruid zal de meeste mensen niet zoveel zeggen, maar wij als boswachters en plantenliefhebbers worden daar wel een beetje vrolijk van."
Benammen dus omdat de plant net in soad yn Fryslân foarkomt. Op guon plakken yn de rest fan Nederlân wol. "In bijvoorbeeld de Zaanstreek, ook het Naardermeer is een bekende plek. Maar het heeft ook wel wat ups en downs gehad door verminderende waterkwaliteit."
No komt it op guon plakken werom. "Waaronder hier op het Nannewiid. Dat hadden we nooit verwacht, want het is een plant die voor Fryslân nog totaal onbekend is en juist zijn zwaartepunt heeft in Noord-Holland en Utrecht."
Boskwachters en planteleafhawwers optein mei seldsume wetterplant yn it Nannewiid
Hielendal ûnbekend is it plantsje ek wer net, want it hat al in Fryske namme: grut bearzewier. De earste meldings fan it grut bearzewier binne alwer in pear moannen lyn dien troch brûkers fan de webside waarneming.nl.

Net elkenien bliid mei wetterplanten

It Nannewiid stiet ek bekend as in wetter mei in soad wetterplanten dêr't de brûkers net altyd like bliid mei binne. Omdat rekreanten op de mar lêst hawwe fan de wetterplanten, wurdt der wurke oan plannen om dêr wat oan te dwaan.
Misschien speelt de recreatie de waterplanten ook nog een beetje in de kaart, omdat daardoor de waterbodem hier gewoon schoon blijft.
Boskwachter Henk-Jan van der Veen
Mar dat hoecht net ferkeard út te pakken foar dizze seldsume wetterplant, tinkt Van der Veen: "We nemen geen extra beschermingsmaatregelen. Het is er spontaan gekomen, terwijl we ook weten dat er volop gerecreëerd wordt in het Nannewiid. Dus we gaan niet zeggen dat mensen er niet mogen komen."
"Sterker nog; misschien speelt de recreatie de waterplanten ook nog een beetje in de kaart, omdat daardoor de waterbodem hier gewoon schoon blijft."
De boskwachter jout wol ta dat der yn it Nannewiid echt in soad wetterplanten groeie. "We zijn met de stichting Nannewiid in gesprek hoe we dat in de toekomst een beetje in goede banen kunnen leiden. Maar het één hoeft het ander natuurlijk niet tegen te houden."