Fiskje nei ferhalen yn nij programma Byt!

Tamme Smit en Lutz Jacobi yn Byt! © Delta Film
Yn Byt! giet presintator, fisker en Dokkumer Tamme Smit op 'en paad mei bekende Friezen. Sy gean nei plakken yn Fryslân dy't in soad foar syn gasten betsjutte en goaie dêr in angeltsje út. It perfekte momint foar in goed petear. Byt! is fan moandei 5 septimber ôf te sjen om 17.15 oere by Omrop Fryslân.
Byt! mei Lutz Jacobi
Sels is Tamme fûleindich fisker. "Al sûnt ik trije jier âld bin, bin ik sljocht fan it fiskjen en de natuer. Myn pake wie net by de wetterkant wei te slaan; dat haw ik no ek."
Yn Byt! reizgje wy dwers troch Fryslân, fan it sintrum fan Frjentsjer oant de strannen fan It Amelân en fan de Fryske wâlden oant de wide lannen. De gasten fertelle bysûndere ferhalen op foar har belangrike Fryske plakken. Tamme en syn gast gean werom nei de roots en op dat plak, of yn 'e buert, nimt Tamme se mei te fiskjen.
Afke Boven en Tamme Smit yn Byt! © Delta Film
Sa sil Tamme mei Lutz Jacobi nei Ketlik, mei Afke Boven nei It Amelân, mei Charles Groenhuijsen nei De Jouwer, Emiel Stoffers fisket yn Westergeast, boargemaster Sybrand Buma giet werom nei syn roots yn Warkum, Griet Wiersma nei Driezum, minister Dennis Wiersma goaid syn angel út yn Frjentsjer en Elske DeWall fisket mei Tamme yn Feanwâlden.

Elk hat in unyk ferhaal

Yn de útstjoering sjogge we in kant fan de gasten dy't we net faak sjogge en komme we mear te witten oer harren libben. Neffens Tamme soarget de kombinaasje fan fiskjen en goede petearen derfoar dat it in prachtich programma is om te sjen. "Eltsenien hat in unyk ferhaal en achter elts persoan skûlet faak in ferhaal dêr't de bûtenwrâld neat fan wit. It programma Byt! bringt dêrtroch al fiskjend ferhalen nei foaren."
Byt! is fan moandei 5 septimber ôf te sjen by Omrop Fryslân. Alle moandeis om 17.15 oere en dêrnei alle oeren.
Fiskje