Allinnich gesinnen yn needopfang Heliconstate; sân bern al hast in jier yn it WTC

© Leo Middelsé, Ilona de Vries
Yn de nije needopfang yn Heliconstate yn Ljouwert komme allinnich gesinnen te wenjen. Yn totaal giet it om 340 minsken. Yn de hjoeddeistige needopfang yn it WTC is plak foar 600 flechtlingen.
Neffens it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert is de húsfesting fan gesinnen op fersyk fan de fêstgoedeigener. Dy hat dêroer ôfspraken makke mei it COA, dy't ferantwurdlik is foar de opfang fan flechtlingen.
De hjoeddeistige needopfang yn evenemintehal WTC giet mei yngong fan 1 novimber ticht. Troch ûnder mear it gebrek oan deiljocht, doarren, plafonds en privacy is der al moannen in rop om in oare lokaasje foar dizze minsken.
Under oare Ljouwerter riedsleden, VluchtelingenWerk, de Nationale Ombudsman en steatssekretaris Eric van den Burg hawwe oanjûn dat der in alternatyf komme moat.

Sân bern al hast in jier yn WTC

Ut in mjitting fan twa wiken lyn docht bliken dat der noch 547 minsken yn WTC wenje, ûnder wa 59 bern. It giet om 46 bern tusken de nul en tolve jier âld, en trettjin bern yn de leeftiid fan tolve oant achttjin jier. Sân bern en santich folwoeksenen wenje der al sûnt de iepening yn novimber, yntusken tsien moannen lyn.
Earder makken ûnder oare riedsleden Carlijn Niesink (ChristenUnie) en Mirka Antolovic (PvdA) harren hurd foar de bern yn it WTC. Sa pleiten sy derfoar om gjin bern mear op te nimmen yn de hal. "Wij horen van vrijwilligers dat er steeds meer vechtpartijen zijn onder kinderen. Zij zien volwassenen vechten en ze kopiëren dat", fertelde Niesink yn maaie.

Twa jier Heliconstate

Yn 2016 waard Heliconstate ek brûkt as needopfang. Yn de tuskentiid is it pân foar oare doelen brûkt, wêrtroch't der noch flink ferboud wurde moat. De bedoeling wie om de earste bewenners al yn septimber wolkom te hjitten, mar der moat mear yn it gebou barre as ferwachte. Dêrom hopet it COA dat de earste flechtlingen fan oktober ôf yn dit pân telâne kinne.
Neffens wethâlder Hein de Haan kinne de flechtlingen hjir foar in jier terjochte, mei de opsje foar noch in jier. Nei dy tiid komt der nei ferwachting in azc, oftewol regionaal opfangsintrum, yn Ljouwert.