Nije gevels en trijedûbeld glês: sikehûs Nij Smellinghe wol sa gasfrij mooglik wurkje

Folkert Brouwers fan Nij Smellinghe © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Soarchynstellingen dogge der alles oan om it enerzjyferbrûk, en de hege rekken, nei ûnderen te bringen. Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is der in goed foarbyld fan.
Sa hat it sikehûs 9.000 sinnepanielen en wurde de gevels stik foar stik hielendal ferfongen foar gevels mei isolaasje en trijedûbeld glês. Ien fan de wichtichste gasbesparders fan it sikehûs is it Warmte Koude Opslagsysteem (WKO). Waarmte en kjeld wurdt opslein yn de grûn. Dat wurdt nei boppen helle om te ferwaarmjen of te ferkuoljen. Dêrfoar is gjin cv-tsjettel nedich.
"Wy ferbrûke ek folle mear enerzjy yn de simmer om it hjir koel te hâlden. Waarm wurdt it hjir binnen wol maklik", seit Folkert Brouwers, direkteur 'bedriuw en gebou' yn it Nij Smellinghe.
"Yn in jier ferbrûke wy ûngefear ien miljoen kúb gas. Mei dit systeem besparje wy ûngefear 30 prosint. Dat is nei skatting fergelykber mei it ferbrûk fan 250 húshâldingen."
Sa sjogge de nije gevels yn Nij Smellinghe derút
It is net sa dat de direksje it betinkt en oan it personiel opleit: "Wy hawwe in Greenteam, in team fan meiwurkers dy't meitinke mei it ferduorsumjen fan Nij Smellinghe. Dêr sitte dokters yn, minsken fan it fasilitêr team, ensafierder", seit Brouwers. Dat hat bygelyks opsmiten dat der minder waarm wetter ferbrûkt wurdt.
Brouwers: "In pear techneuten tochten 'as we der gewoan in membraantsje op sette', dan komt der wat minder wetter út de kraan. As de normale kraan hielendal iepen stiet, komt der al gau sa'n njoggen liter yn de minút trochhinne. Dat hoecht net sa rûch. No wurdt ûngefear de helte ôfknypt. Ek by waarm wetter. Dat skeelt in hiele bult enerzjy."
It gasferbrûk yn Nederlân is yn it earste healjier fan 2022 in kwart leger as yn de earste helte fan 2021. Dat meldt it CBS. Benammen de ierdoaljeyndustry (59 persint), gemyske yndustry (32 persint) en elektrisiteitssintrales (28 persint) brûke in stik minder gas. Húshâldingen brûke yn trochsneed 16 persint minder gas as yn 2021.
Om sa'n gebou hielendal gasleas te meitsjen liket op it earste gesicht in drege opjefte. Mar neffens Brouwers is dat mooglik: "Wy wolle graach foar 2030 fan it gas ôf wêze. Ast sjochst nei de ûntwikkelingen yn de maatskippij en de prizen dy't foar gas frege wurde, dan binne wy rom foar 2030 fan it gas ôf. Wy binne al drok dwaande mei noch sa'n WKO-boarne, dus ik tink dat wy dat maklik oprêde."