Sven Kramer wreidet syn reedrydakademy út nei Tilburg en Enschede

Sven Kramer © Orange Pictures
De reedrydakademy fan Sven Kramer is takom seizoen net allinnich op Thialf, mar ek yn Tilburg en Enschede. Mei syn akademy wol de olympysk kampioen jeugd stimulearje en motivearje om te riden.
Kramer is twa jier lyn mei syn Sven Kramer Academy (SKA) begûn op It Hearrenfean. Oanlieding wie dat er seach dat hieltyd minder bern op it iis steane.
"It belangrykste is dat we safolle mooglik bern yn oanrekking komme litte wolle mei it iis", sei er doe. "Dat kin langebaan wêze, dat kin shorttrack wêze, dat kin maraton of keunstriden wêze. Mar se moatte wer op it iis. De lêste jierren is dat eins in bytsje weromrûn en dat is hiel skande."
De earste twa jier op It Hearrenfean wienen in sukses en dêrom wreidet de akademy no út mei de SKA Tilburg en SKA Twente.

Mear minsken op it iis krije

Douwe de Vries, âld-reedrider en goeie freon fan Kramer, is direkteur fan de akademy. Hy is grutsk op de nije stap. "Troch de Sven Kramer Academy te keppeljen oan de geweldige organisaasjes yn Tilburg en Twente soargje we derfoar dat we mear bern en folwoeksenen yn Nederlân op it iis krije."
By de akademy krije bern en folwoeksenen les fan ynstrukteurs dy't oplaat wurde troch de Sven Kramer Academy. De ultime dream fan Kramer en syn kollega's is dat elkenien yn Nederlân foar syn of har 12e op syn minst ien kear op redens stien hat.
Kramer is sels oanwêzich by de iepening fan de akademys, op 1 oktober yn Tilburg en op 8 oktober yn Enschede.