Ierappeldollen rint bot efter troch drûchte, dizze boer docht it mei de hân

Boer De Jong hellet se mar mei de hân boppe de grûn © Omrop Fryslân, Esther Leystra
Mei de hannen en op knibbels yn it lân om ierappels te dollen. Foar boer Fokke de Jong fan Ternaard sit der fanwege de oanhâldende drûchte neat oars op. It lân is noch hieltyd te drûch om dolmasinen te brûken.
De drûchte yn Fryslân hâldt oan, wylst der wol ierappels rispe wurde moatte. "It komt wol faker foar dat it mei de hân moat. Yn it begjin dan is de skyl noch hiel tear, dan kinst de dolmasine net brûke en sikest mei de hân. Yn dizze tiid giet it oars wol mei de masine, mar wy hawwe no gjin kar", fertelt boer De Jong.
Boer Fokke de Jong hellet de ierappels mei de hân út it lân wei © Omrop Fryslân, Esther Leystra
De ierappels dy't De Jong op dit stuit oan it rispjen is, binne konsumpsje-ierappels, bedoeld foar de ierappelautomaat dy't op it bedriuweterrein stiet.

Wat mear swit tsjinoan

It dollen fan ierappels mei de hân nimt folle mear tiid yn beslach as wannear't it mei in dolmasine bart. De Jong: "Wy hawwe hjir fjouwer rêgen en wy lizze de hiele moarn al te sykjen. Oars is it yn fiif minuten klear, mar no duorret it folle langer."
Der komt wat mear swit by sjen, seit De Jong. "Mar wy hawwe gjin blierren op de hannen, wy binne wol wat wend. De knibbels fielst wol, dat is net sa noflik. Mar je hawwe gjin kar. Je wolle in goed produkt leverje, dan moat der mar wat mear swit en pine tsjinoan."
Mei de hannen en op de knibbels jierappels roaie. Troch de drûchte yn Fryslân sit er foar boer Fokko de Jong neat oars op.
It delslachtekoart hat net allinnich gefolgen foar it rispjen fan de ierappel. It hat ek in effekt op de eksport fan ierappels. Frank van der Werff, produksjemanager by ierappelkonsern HZPC, sjocht dat it persintaazje fan út de grûn helle ierappels leger leit as gewoanwei.
"Op dit stuit is sa'n 20 persint dold yn Fryslân. Gewoanwei soe dat yn dizze wike ûngefear de helte wêze moatte. Dus wy lizze wol efter. En it liket der net op dat der ynkoarten genôch wetter komt."

Delslachtekoart en de eksport

Dat it persintaazje leger leit, hat gefolgen it ferbouwen fan ierappels yn it bûtenlân. "Der binne in oantal bestimmingen lykas Maly, Bangladesj en Sudan. Dy moatte it produkt op tiid hawwe om't se dêrnei wer wat oars ferbouwe wolle. Dus it is foar har gjin kwestje fan: wy sette it produkt wol letter yn 'e grûn. Sy moatte it produkt écht op tiid hawwe, dus dat wurdt spannend."
Ierappelkonsern HZPC Holland B.V. © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It sil faker barre as je nei klimaatsaakkundigen harkje, seit Van der Werff. "Dan is dit net in ynsidint. Dat is ferfelend foar de hiele lânbou. Dêr moatte wy ús better op ynrjochtsje, foar safier't dat mooglik is."