Minister Wiersma op besite yn Fryslân foar gelikense kânsen foar skoalbern

Minister Wiersma op besite © Omrop Fryslân
De earste skoaldei is spannend, mar foar bern fan trije skoallen yn Ljouwert en Frjentsjer wie it hielendal in bysûndere ôftraap: minister Dennis Wiersma fan Underwiis kaam del foar it projekt 'School en Omgeving.'
De minister wol dat alle bern mear aktiviteiten op skoalle dwaan kinne as de fakken dy't se gewoanwei dogge. Dit moat derfoar soargje dat alle bern deselde kânsen krije om har te ûntwikkeljen.
Minister Dennis Wiersma wie by de iepening fan it skoaljier yn Fryslân
It is net fanselssprekkend dat bern nei skoalle in hobby hawwe of in sport beoefenje. Ekstra aktiviteiten as sportlessen, muzykmeitsje of itensiede op skoalle helpe bern harsels te ferrykjen, sa is de gedachte.
De needsaak foar gelikense kânsen is grut yn gebieten lykas Ljouwert-East. Skoallen krije dêr alfêst jild fan de minister.
Minister Dennis Wiersma © Omrop Fryslân
"Het maakt toch wel uit of je ouders een goed inkomen hebben, wat het opleidingsniveau is en de buurt waarin je woont ook wel voor hoe goed je op school jezelf kan ontwikkelen. Dat is eigenlijk best wel erg. Daarom is het op die plekken belangrijk dat we dan ook meer doen", seit Wiersma.

"Het is overal"

It IKC Trianova yn Ljouwert wie de earste skoalle dêr't de minister op besite gie. Op dizze skoalle wurde al ekstra aktiviteiten foar bern organisearre, mar mei it jild fan de minister is der noch mear mooglik.
Ien fan de memmen fan de bern op dizze skoalle, sjocht har dochter sichtber feroarjen: "Ze zit hier sinds twee jaar op school en ik zie al een groot verschil. Het helpt bij de ontwikkeling en je hebt er meer zicht op." Bianca Akkerman is ek de fêstigingsmanager fan Jinc, in organisaasje dy't him ynset foar gelikense kânsen foar bern.
Sy sjocht dat it net fuortendaalks útmakket of bern âlden hawwe mei in net-Nederlânske êftergrûn: "Het zit in allerlei culturen en achtergronden. Het gaat vaak gepaard met weinig geld en middelen, soms is het pech. Het is niet per se achtergrondafhankelijk of -bepalend, dus dat moeten we ook niet doen want daarmee gaan we ook weer selecteren. En dat kan niet. Het is overal."
Ek it IKC Franciscus yn Ljouwert en it CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer krigen besite fan minister Wiersma. It binne skoallen dêr't it projekt it meast nedich is, mar it is de bedoeling dat it programma de kommende jierren op alle skoallen oanbean wurdt.
Wiersma: "Je ziet dat in Nederland de armere kindjes en rijkere kindjes niet meer samen op school zitten en dat maakt het lastig om door al die achtergronden iets te leren. Wij gaan er alles aan doen om ervoor te zorgen dat die activiteiten er zijn en iedereen er aan mee kan doen."