LTO Noord wol dat de wolf ferjage en yn ôfsletten gebieten delset wurdt

In wolf yn Nederlân (argyffoto) © ANP
LTO Noord wol dat de wolf ferjage wurdt út provinsjes dêr't te min wyld is. De lânbou-organisaasje ropt op om tastimming foar mear behear, want op dit stuit is it ferjeien net tastien.
LTO Noord docht de oprop nei oanlieding fan wolve-oanfallen yn Fryslân, Oerisel en Drinte yn de ôfrûne wiken. Der is yn dy provinsjes gjin plak foar de wolf omdat der nei alle gedachten te min fretten is foar de wolf yn it wyld, sa tinkt LTO. "Al weten we dat niet zeker", seit foarsitter Dirk Bruins.
"We zien dat de wolf onvoldoende in z'n directe omgeving vindt en daarom op tocht gaat en naar andere dieren zoekt", seit Bruins. It giet benammen om it gebiet om it Drents-Friese Wold hinne dêr't wolven mei jongen libje.

Keare en yn eigen gebieten sette

Op wolven sjitte mei net, mar ferjeie of keare soe neffens LTO wol moatte. Bruins sjocht it as opsje om de wolven nei in grutter gebiet ta te driuwen dêr't sy binnen in ôffreding libje kinne.
Spesifike leefgebieten oanwize en wolven keare yn provinsjes mei te min wyld, dat wol LTO. Want previntive maatregels lykas it pleatsen fan rasters smyt neffens de lânbou-organisaasje te min op.
Foarsitter Dirk Bruins fan LTO Noord
Bruins: "Het blijft maar doorgaan. In het begin werd gezegd dat de wolf nieuw en zoekende is, daardoor wild en afwijkend gedrag vertoont en daarom zoveel doodbijt. Inmiddels schijnen er paartjes te zijn met jongen. Het wordt niet minder, maar het lijkt alleen maar erger te worden."
Feehâlders binne der mei oan, seit er. "Als veehouder doe je je best om je dieren goed te verzorgen, als je dan je dieren dood aantreft is het gewoon een drama." En it fee binnen hâlde is ek gjin opsje. "Dat is ondoenlijk. Dat opstallen mag niet de bedoeling zijn, dan heb je weer een andere discussie."