Ferry de Haan yn de SportCast: "Vertrek Amin Sarr onwaarschijnlijk"

De Sportcast fan 29 augustus © Omrop Fryslân
Noch twa nachtsjes sliepe en dan witte we hoe't de seleksjes fan Hearrenfean en Cambuur der út sjogge. Technysk manager Ferry de Haan skoot oan en ferwachtet dat der gjinien mear fuortgiet.
Yn de nacht fan 31 augustus op 1 septimber slút de transfermerk yn Nederlân. Dêrnei kinne der gjin spilers mear oanlutsen wurde.
De spiler fan Hearrenfean dy't miskien wol it measte yndruk makket de lêste tiid is Amin Sarr. Mar De Haan is net benaud foar it ferliezen fan de spits. "Nee, dat lijkt me onwaarschijnlijk."
Der is ek net echt sprake fan konkrete ynteresse. "Niet direct door clubs. Wel wat door mensen die er buitenstaan. Maar we staan daar ook niet voor open."

'Zie het niet gebeuren'

Unbesprekber is in grut wurd neffens De Haan, mar dêr komt it wol op del. "In heel grote lijnen wel. Ik bedoel, dan moet er iets komen waar je echt geen nee tegen kunt zeggen, maar dat zie ik niet gebeuren."
Hij is een beetje een combinatie tussen Van Hooijdonk en Sarr.
Technysk manager Ferry de Haan oer in nije spits
Der komt wol noch in spits by. Efter Sydney van Hooijdonk en Sarr. De Haan: "Dat lijkt goed te komen. Maar daar moeten we nog even voorzichtig mee zijn. Het is nog niet helemaal rond."
De fraach is fansels wat foar spits dat wurde moat. Hearrenfeanwatcher Roelof de Vries: "Kees van Wonderen joech freed by it parsemomint oan dat dat yn prinsipe net ien wêze moat, dy't echt better is as it spitseduo. Dat rint no ien kear hiel goed en dêr moat dy nije spits ek rekken mei hâlde."

Dúdlike ferhâldingen

Neffens De Haan docht er dat dan ek. It giet ten earste om in hierkonstruksje. "Een spits erbij die het ze moeilijk kan gaan maken. Hij is een beetje een combinatie tussen Van Hooijdonk en Sarr. Hij kan ook als aanvallende middenvelder uit de voeten."
Mar is hy ek tefreden mei in ferhaal op it twadde plan? "Er is hem duidelijk kenbaar gemaakt hoe de verhoudingen zijn en wat we van hem verwachten. Dat begreep hij."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
It liket der op dat der ek gjin inkele spiler mear fuortgiet. Ek spilers as Syb van Ottele of Rami Al Hajj bliuwe nei alle gedachten. "Er zijn op dit moment geen clubs die interesse hebben in één van onze spelers. En wat mij betreft houden we dat de komende tien wedstrijden ook even zo."

'Cambuur kin elts bod wegerje'

By Cambuur liket der mear te barren. Sa soe de klup dochs noch dwaande wêze mei Osame Sahraoui, in Noarske linksbûten fan 21 jier. En mei Daniël van Kaam fan FC Groningen, in 22-jierige kontrolearjende middenfjilder. We soene it Foeke Booy, technysk manager fan Cambuur, freegje, mar dy hie it te drok. Takom wike is Booy te gast yn de SportCast.
Omrop Fryslân-ferslachjouwer en Cambuur-supporter Gerrit de Boer hopet foaral dat Mees Hoedemakers bliuwt.
"Cambuur kin altyd in bod wegerje, want se wolle fansels graach yn de earedivyzje spylje yn it nije stadion. Hoedemakers makket net de yndruk dat der út lilkens aanst minder fuotbalje sil. Ik fertrou dêr wol op."
De SportCast fan 29 augustus 2022