Earste skoaldei yn Feanwâlden en Kollumerpomp: gjin learwurk, mar gearwêzen

Willianne de Jong foar de klasse © RTV NOF
Nei wiken fan fakânsje kinne de basisskoallebern wer oan de bak. By de Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden stie direkteur Tineke Vogels de learlingen op te wachtsjen. De fokus lei moandei net op ûnderwiis, mar op groepsfoarming.
"Sy wiene betiid", seit Vogels. "Om 8.20 wiene de measten hjir al. In hiel soad bern kenne inoar wol, mar der komme ek wer nijen by. Dan krijst in oare groepsgearstalling. Dêrom dogge wy mear spultsjes en is it learen wat minder belangryk."
De earste skoaldei yn Kollumerpomp en Feanwâlden
De Theun de Vriesskoalle is de ôfrûne tiid flink groeid. De pjutten krigen as needoplossing ûnderwiis yn de gymseal. Yn de simmerfakânsje is der in leslokaal byboud, dat nei alle gedachten takom wike yn gebrûk naam wurde kin.

Fan de pabo nei Kollumerpomp

De fakânsje is net allinnich foar de bern foarby. Ek dosinte Willianne de Jong (21) fan Dokkum moast ier en betiid út bêd. Willianne is krekt klear mei de pabo. Moandei begûn sy oan har earste folsleine skoaljier op CBS De Wegwijzer yn Kollumerpomp.
"Ik ha der echt in soad nocht oan", fertelt sy. "It is no net mear staazje en leare, mar it is no echt wurk. "
It wie fuortendaalks oanpoatsjen." De boppeboujuf is hjoed siik, dus it wurdt troch ús opfongen. Der sitte aldergeloks mar acht bern yn.'