Mear romte foar tsjusterte mei nije ferljochting Skoatterlânskewei

De Skoatterlânskewei yn Mildaam © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Skoatterlânskewei (N380) krijt oer in lingte fan sa'n 15 kilometer nije ferljochting. Mar dochs wurdt de dyk tusken Aldskoat en Hoarnstersweach ek tsjusterder.
Gemeente Hearrenfean ferfangt de hjoeddeiske ferljochting troch mear sunige en miljeufreonlike ledferljochting. Der wurde sa'n 100 ljochtmêsten fuorthelle: dat besparret enerzjy en kosten, mar is neffens Hearrenfean ek goed foar it miljeu.

Tsjusterte

De nije lampen ferljochtsje allinne de dyk. Dat is miljeufreonliker: de gemeente besiket troch doelbewuster en duorsumer te ferljochtsjen rekken te hâlden mei it belang fan tsjuterte foar bist, minske en natuer.
By bushalten komt ledferljochting op sinne-enerzjy dy't ek mei sensoaren wurkje. As der ien op de bus wachtet, jouwe de lampen mear ljocht.
De N380 rint troch Aldskoat, Mildaam, Ketlik, Nijhoarne, Aldhoarne, Jobbegea, Skuorregea en Hoarnstersweach. It wurk set ynkoarten útein.