Nynke Sijbrandij hâldt op mei keatsen, Ilse Tuinenga sil har ferfange

Nynke Sijbrandij hâldt op mei keatsen © Dijks Media
Nynke Sijbrandij hâldt nei dit seizoen op mei keatsen. Ilse Tuinenga, no noch in grutte konkurrint fan Sijbrandij-en-dy, sil har ferfange yn it partoer mei fierder noch Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra.
It betsjut dat Louise Krol en Sjanet Wijnia om in oare opslagger sykje moatte. It KNKB meldt op Twitter dat Annet de Haan dy fakatuere opfolje sil.
Tuinenga, Krol en Wijnia ferlearen ôfrûne woansdei noch yn de twadde omloop fan Sijbrandij, Scheepstra en Zeinstra by de Frouljus PC yn Weidum.