Aly van der Mark bliuwt aktyf: "Achter de geraniums sitte is neat foar my"

Aly van der Mark © Omrop Fryslân, René Koster
Skriuwster en âld-Omrop Fryslân-kollega Aly van der Mark (83): "Achter de geraniums sitte is neat foar my. Ik moat dwaande bliuwe."
"It hûs stiet al fol mei geraniums, om't myn man se kweekt. Ik moat perfoarst dwaande bliuwe, dêrom sykje ik fan alles út en skriuw dêr dan oer. Altyd fanút it idee: as ik it net doch, docht nimmen it."
Aly van der Mark
En sa ferskynden der bygelyks boeken fan har oer túnûntwerper Gerrit Vlaskamp, 'nuttige handwerken', ferdwinende nammen en sterke Fryske froulju. Aly van der Mark is drok mei fan alles dwaande en fielt har by in soad saken belutsen.
"Ik stjoer ek geregeld ynstjoerde stikken nei de krante, om't ik my oer fan alles opwine kin. Dan tink ik wolris, minske do bist 83, jou dy no ris del en wyn dy net sa op. Mar ja, sa bin ik no ien kear...."
Aly yn oarlochstiid © Aly van der Mark
Aly van der Mark waard flak foar de oarloch berne yn Rotterdam, dêr't har heit plysjeman wie. Se makke it ferneatigjende bombardemint op de stêd ek mei.
"Mei ús mem siet ik ûnder de houten trep. It sloech nearne op, fansels. Mar ûnder de trep wiest feilich, sa waard tocht. Ik wit net oft ik it dêr oan oerholden haw, mar ik kin perfoarst net oer hurde lûden..."

Fan Rotterdam nei Aldskoat

Nei de oarloch koe Aly har heit plysjeman yn Fryslân wurde en ferhuze de famylje nei Aldskoat. Yn in hûs tsjinoer it plak dêr't no iisstadion Thialf stiet, wennen de Van der Marks. Aly wynt har bot op oer wat dêr allegearre feroare is, of sa't se it sels seit: 'fernield'.
"Dêr't no Batavus en al dy oare fabriken stean, wie eartiids in moai bosk. Dy bebouwing hie folle better oan de oare kant fan it spoar kinnen. Mar ja, de gemeente Hearrenfean is der hiel goed yn om moaie, âlde dingen ferdwine te litten."
De Blauwsingel is der gelokkich noch wol. Dêrefter lei it iepen lân mei in feart. "In grutte groede op myn hân docht my dêr altyd noch oan weromtinken. Doe't we dêr as bern boarten, siet ik ris yn in tobbe op it wetter. Om't ik hast omsloech, pakte ik de wâl fêst en grypte dêrby yn it kramtried."
It boek fan Aly oer har oan oantinkens oan de oarloch © Eigen foto
Oer de oarloch waard doe eins net mear praat. "Dat moasten we skynber efter ús litte. It is fansels dom dat ik dêr letter ek nea mear nei fernaam haw."
Doch skreau Aly der noch net sa lang lyn dochs in boek oer: Zoo gelukkig dat we elkaar nog hebben. Basis foar it boek wiene wat persoanlike oantinkens en benammen brieven dy't pas jierren letter by in ferhuzing foar it ljocht kamen.
Doe't de Van der Marks yn Rotterdam wennen, waarden geregeld brieven oer en wer nei de famylje yn Fryslân stjoerd om inoar te ynformearjen. Wat yn de brieven opfoel, wie dat se benammen besochten inoar gerêst te stellen. De famylje moast him net te folle soargen meitsje.

Foar de klasse

Yn de jierren nei de oarloch wie it foar in dochter fan in plysjeman net gebrûklik om te studearjen. "De skoalmaster bepaalde feitlik hoe't jo takomst der útseach. As plysjedochter soe skoaljuf al moai genôch wêze, dus earst mar ris nei de ULO en dêrnei de kweekskoalle."
En sa barde it ek. Foar de klasse hat it Aly eins altyd goed foldien, en dan benammen om de bern. "Dêr hie ik altyd in goede bân mei."
Hjoed-de-dei soe se it fak fan skoaljuffrou net graach mear dwaan wolle. "Al dat fergaderjen en de heiten en memmen dy't altyd mar yn de klasse komme, ik moat der net oan tinke. En dan de bern fan tsjintwurdich. Dy binne faak sa bedoarn en ûnfatsoenlik. Al dy prinsjes en prinsesjes, ik soe der gek fan wurde. En de bern ek slaan, tink ik."
Boek skreaun troch Aly van der Mark © Aly van der Mark
Troch de toanielwrâld kaam Aly van der Mark yn kontakt mei de regionale radio. "Symen Dijkstra frege my ris om in stimtest te dwaan. Sa bin ik der yn 1969 yn rûgele. Earst as omropster om de programma's oan te kundigjen. Trije kear in healoere yn 'e wike, mar letter waard dat folle mear."

Winter fan '79

De sniewinter fan '79 hat dêr, lykas bekend, in grutte rol yn spile. Doe kaam it belang fan in regionale omrop earst goed foar it ljocht. Foar harsels wie doe in hichtepunt dat se mei in helikopter oer it tichtsnijde Fryslân meifleane mocht. "De piloat die ûnderweis in pear stunts en liet my stikem ek eefkes fleane."

Radio

Geandewei makke se hieltyd mear reportaazjes en dokumintêres. Dochs sille de measten Aly van der Mark noch kenne fan programma's as De Koperen Tún en De Fersykplaten.
"Dat binne twa hiel ferskillende programma's: oan de iene kant in kultuerprogramma en oan de oare kant plaatsjes dy't oanfrege wurde troch en foar gewoane minsken. Beide paste my goed. ik fielde my nearne te grut foar, hear. Boppedat wiene de fersykplaten sa'n sukses dat ik der nei myn pensjoen noch eefkes mei trochgean mocht."
Telefyzje
Hoewol't Aly van der Mark harsels 'hiel byldzjend' neamt, hat se nea foar telefyzje wurke. "As voice-over haw ik dêr wol teksten foar ynsprutsen, mar dy programma's net sels makke. Dat hie my dat wol aardich talike, mar it is my noait frege. En ik haw my der sels ek net foar oppenearre."
"Dat is in domme eigenskip, fansels. As jo soks wolle, moatte jo dat wol witte litte. Ik haw lykwols ôfwachte. Net iens út beskiedenheid, mar ik wie wend om frege te wurden. Yn myn libben haw ik mar ien kear sollisitearre."
Aly van der Mark har boek over Gerrit Vlaskamp © Aly van der Mark

Frou Vlaskamp

Aly van der Mark wurdt mei in knypeach ek wol 'Frou Vlaskamp' neamd. Dat komt om't se in echte Vlaskamp-revival op har namme hat.
Gerrit Vlaskamp wie in túnûntwerper yn de twadde helte fan de 19e iuw. Om't er in âld-omke fan Aly har man Ids wie, woe sy wol wat mear oer him witte.
Phillipus Breuker hat har doe op it spoar set fan in beamkweker yn Burgum dy't in ryk argyf hie fan 1861 ôf. Doe't se dêryn dûkte, kamen sa'n 350 ûntwerpen fan tunen foar it ljocht dy't yn it Noarden en yn Dútslân oanlein binne. Kompleet mei listen fan oanplante beamen, strûken en planten.
Al dy rykdom oan ynformaasje wie oanlieding foar meardere boeken, blogs en restaurearre tunen. Boppedat is de namme Vlaskamp no ek ferbûn oan in stege yn Stiens en in tunnel yn Hurdegaryp. Sûnder de ynspannings fan Aly van der Mark wie dat, nei alle gedachten, allegear nea bard.

Veronica

Ek foar de Hongaarske sjongeres Veronica, hat se har bot ynset. Dy frou song operastikken op strjitte yn Grins en waard mei in optreden yn De Koperen Tún foar it earst oan it grutte publyk foarsteld.
Dêr bleau it net by. Aly naam har by de hân nei it konservatoarium, soarge foar in stúdzjebeurs en naam har sels yn 'e hûs.
Senior-simmergast Aly van der Mark
"Dat wie wol in grutte gok, fansels. Mar we binne bliid dat we it dien hawwe. Se hat har geweldich ûntwikkelje kinnen as sjongeres en sels ynternasjonale prizen wûn. Geweldich dochs?"
Op 't heden wennet Veronica wer yn Hongarije en rjochtet se har benammen op de polityk. Se is aktyf foar in opposysjepartij dy't it opnimt tsjin Orban. Dat bestjut dat se folle minder oan sjongen ta komt. "Dat is spitich, mar it giet fansels om jo eigen prioriteiten", fynt Aly van der Mark.