ZEA: Yn Fryske teksten leit myn hert

King Ayisoba en Arnold de Boer © Omrop Fryslân
Muzyk is de belangrykste taal foar Arnold de Boer. Under syn artystenamme ZEA wurket er gear mei muzikanten út oare kultueren. Syn twadde Frysktalige plaat hjit 'Witst noch dat der neat wie'.
FryslânDOK 'Lege toanen, brede groeden'
Sneon 27 augustus NPO2 15.30 oere (werhelling snein 28 augustus 13.30 oere)
Snein 28 augustus Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
De Amsterdamsk/Fryske muzikant Arnold de Boer treedt al tweintich jier op mei de bands The Ex en ZEA. Yn it Ingelsk observearret en beskriuwt er de wrâld om him hinne, mar Frysk is hy 'fan binnen', seit er. It is de taal fan syn hert. 'Witst noch dat d'r neat wie' (Weet je nog dat er niets was) is syn twadde Frysktalige album. Filmregisseur Chris Frieswijk besleat it ta stân kommen fan dy plaat te filmjen, tegearre mei syn fêste kameraman Chris Dunnink.
ZEA by in optreden © Arnold de Boer
Foar Arnold (Makkum, 1974) begûn de muzyk doe't er as jonkje meidwaan mocht yn de drumband fan syn heit. Letter boude hy achteryn de tekstylwinkel fan syn âlders in studio. De Boer spilet graach mei oare artysten en siket ferbining mei oare muzykkultueren. Syn muzyk fariearret tusken elektropunk, wrâldmuzyk en akoestyske gitaarsongs.
Afework Nigussie (l) en Arnold de Boer © Omrop Fryslân
Arnold de Boer skriuwt persoanlike nûmers yn it Frysk oer heftige gebeurtenissen yn syn libben, lykas de dea fan syn mem. It binne de 'brede groeden', dêr't er it libben op in streekrjochte, losse manier in plak jout yn syn muzyk. Mei de Fryske dichter Tsead Bruinja treedt er tegearre op.
De FryslânDOK 'Lege toanen, brede groeden' hie begjin maart 2022 syn bioskooppremjêre op it dokumintêrefestival 'Kustlicht' yn Frjentsjer.