Ald hûs by Dronryp te keap: allinne oer it wetter berikber, mar stream oan reaksjes

It hûs is dreech te berikken, dat mei dúdlik wêze © Struiksma Makelaars Sneek
It hûs is allinne mar oer wetter te berikken en der is gjin gas, wetter en stroom. Dochs binne der tal fan bieders op in âld brêgewachtershúske by Dronryp, dat sûnt in wike te keap stiet.
It giet om in húske dat yn 1855 boud is, tagelyk mei in flapbrêge oer de Harnzer Trekfeart. Dat waard letter it Van Harinxmakanaal. De wente stiet op de hoeke mei de Boalserter Feart.
It 'optrekje' is yn in tige minne steat, mar stiet op in 'zeer inspirerende locatie', sa't de makelder it neamt. It hûs hat trije keamers, in húske en in souder. Isolaasje en ferwaarming binne der net. 'Kluswoning', sa kinne je it ek omskriuwe, mei in donkerread enerzjylabel G.
De advertinsje fan de makeler giet op sosjale media flink rûn, allinne op Twitter krige it al mear as 500 likes en mear as 100 reaksjes.

'Wol earst it farbewiis helje'

Der komme ferskate fermaaklike reaksjes ûnder it berjocht. "Ik ga even mijn vaarbewijs halen en wat mensen lief aankijken", skriuwt ien. "Wel zelf water en eten meenemen in je trekschuit", skriuwt in oar. Op Facebook komt it hûs foarby op in groep foar minsken dy't gek binne op nuvere Funda-advertinsjes.
"Hier heeft een schrijver, gewikkeld in een deken, heel hard op een manuscript zitten kauwen, maar tevergeefs", sa tinkt in man. En ek: "Wat fantastisch dat zoiets nog bestaat."
In soad minsken fine it grappich dat de hjoeddeiske eigeners wol yntekene hawwe foar it oanlizzen fan glêsfezelkabel.
It hûs mei de flapbrêge yn it ferline © Struiksma Makelaars Sneek
Frank Zijlstra fan Struiksma Makelaars jout oan dat it hûs by ynskriuwing ferkocht wurdt. De makeler hat al fjirtjin konkrete biedingen hân. "Wij werden maandag verrast", seit Zijlstra oer de enoarme belangstelling. "Ik denk dat negen van de tien telefoontjes over deze woning gingen, in totaal een kleine honderd reacties via telefoon en mail."

Dyk oanlizze?

Wa't op it plak wenje wol, komt suver op in eilân telâne. Om't je der allinne oer it wetter komme kinne, binne der ek gjin besichtigingen mooglik. In dyk oanlizze nei it hûs ta is net maklik te regeljen, tinkt Zijlstra.
"De woning wordt eigenlijk omringd door drie eigenaren. De grond langs het Van Harinxmakanaal is van de provincie, de oever van de Bolswarder Vaart is van de gemeente (Waadhoeke, red.) en het weiland is weer van een andere eigenaar. Dus een weg aanleggen is niet zo één-twee-drie geregeld."

Frij útsicht

It âlde jaachpaad by de Boalserter Feart del is noch sichtber, mei oan de iene kant de feart en oan de oare kant fan it paad de Ringsleat. It hûs hat frij útsicht oer it wetter en de greide, mei westlik oan de oare kant de buorskip De Puollen by Dronryp.
Als je er bent, denk je gewoon dat je ergens aan het eind van de wereld zit.
Frank Zijlstra, makeler
Neffens Zijlstra is it in geweldich plakje. "Als je er bent, denk je gewoon dat je ergens aan het eind van de wereld zit. Dat is wel heel grappig. Maar het huis zelf, je moet alles aanpakken."
Dat is net it iennichste om rekken mei te hâlden. De takomstige keaper kin it hûs net fan tefoaren besjen en moat fertrouwe op de foto's. "Er is één belangrijke clausule, waar je rekening mee moet houden: je koopt het zoals het erbij staat en je krijgt nergens garantie op. Daar teken je ook voor als je het koopt."
Op 19 septimber slút de ynskriuwing. Oant dan ha belangstellenden de tiid om in bod út te bringen, seit Zijlstra. "We hebben hem ingezet op 85.000 euro en ik verwacht dat het daar nog wel iets overheen gaat."