'Simmer yn Fryslân': einekuorren fleane Blije út

Simmer yn Blije
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân wiene wy freed yn Blije. Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort mocht de hannen út 'e mouwen stekke by flechtwurker Douwe van der Weij. Hy makket einekuorren en fûgelhúskes.
Van der Weij docht ek mei oan 'Follow the Blue Line', de flaaksrûte dy't troch hiel Noardeast-Fryslân rint en dêr't minsken alles te witten komme kinne oer de risping, produksje en ferwurking fan flaaks. Se kinne dan by him sjen wat je derfan meitsje kinne en it sels ek even besykje.
Lykas ôfrûne jierren wie Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Freed 26 augustus wie de lêste dei. In oersjoch fan alle plakken is werom te finen op omropfryslan.nl/simmer.