Jan Lely set him yn foar it wurk fan syn ferneamde oerpake Cornelis Lely

Jan Lely, mei op de achtergrûn it stânbyld fan syn oerpake Cornelis Lely op de Ofslútdyk © NH Media
Jan Lely (75) syn oerpake is yngenieur Cornelis Lely (1854-1929), dy't as arsjitekt fan de Suderseewurken ferantwurdlik wie foar de ôfsluting en ynpoldering fan de Sudersee. Yn dizze ôflevering fan de rige De Ofslútdyk yn 32 ferhalen sjogge we mei Jan by de Ofslútdyk.
It ferhaal fan Jan Lely begjint yn 1954, doe't er as jonkje fan 7 by de ûntbleating fan it Lelystânbyld oanwêzich wie. Dat stie doe noch yn Den Oever. Letter krige it byld in plak op de Ofslútdyk.
Jan moast keninginne Juliana blommen oanbiede. Syn suske mocht itselde dwaan by de frou fan minister-presidint Drees. Dat die se, mar dêrnei gie se fuortendaliks nei de keninginne ta. Dat fûn se folle moaier, fertelt Jan.
De Ofslútdyk yn 32 ferhalen
It wie de earste kear dat Jan Lely ynset waard om it wurk fan syn ferneamde oerpake te befoarderjen. Hy hat dat altyd dien en beheart as foarsitter fan de Cornelis Lely Stichting tsjintwurdich de neilittenskip fan oerpake Cornelis.
Cornelis Lely is benammen bekend as de man dy't de Sudersee ôfsluten en ynpoldere hat. Mar hy die folle mear, sa is Jan fan betinken. "Hij was niet alleen een briljant ingenieur maar ook een visionair en daadkrachtig politikus en staatsman met als grote drijfveer Nederland toekomst te geven."
Jan Lely (7, links) tegearre mei syn suske by ûntbleating stânbyld Cornelis Lely © Screenshot NH Media
Jan Lely fynt it grutste belang fan de Ofslútdyk dat dy in ein makke oan de oerstreamingen fan de Sudersee dy't in soad skea oanrjochten. Mar troch de ynpoldering ûntstie ek mear romte foar it ferbouwen fan iten en dat wie ek hiel wichtich.
Yn de Earste Wrâldoarloch hearske hongersneed. Cornelis Lely woe derfoar soargje dat Nederlân net langer ôfhinklik wie fan it bûtenlân foar de itensfoarsjenning. Dus moast der mear romte komme foar lân om nôt te ferbouwen, leit Jan Lely út.
Oerstreaming fan de Sudersee © Screenshot NH Media
Jan Lely is wakker posityf oer de wize wêrop't de fersteviging fan de Ofslútdyk útfierd wurdt. Syn oerpake hie dat ek west, tinkt er. "Alles wat met innovatie te maken had, vond hij prachtig."
De spesjale 'yninoar gripende' Levvel-blocks yn de fernijde dyk, binne makke neffens in revolúsjonêr ûntwerp. "Het is mooi om te zien en voldoet aan de eisen van stevigheid. Ook nu kijkt de hele wereld naar Nederland naar hoe wij dit doen."
Levvelblocks yn fernijde Ofslútdyk © Screenshot NH Media
De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in grutte fernijing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.
Yn 32 reportaazjes, likefolle as it tal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.