'Simmer yn Fryslân': bulten brommers yn Nijlân

Simmer yn Nijlân
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân wiene wy tongersdei yn Nijlân. Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort sjocht yn de garaazje fan Klaas Koopmans in hiel soad brommers.
De measten rinne noch wol en hy rydt der ek noch geregeld in stikje op. Koopmans syn leafde foar brommers begûn al op syn 14de, hy woe wol fytsmakker wurde, mar dan ek mei brommers derby.
Lykas ôfrûne jierren is Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en harkje de hiele dei wat der bart.
Freed 26 augustus is de lêste dei, dan is Omrop Fryslân yn Blije. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.