Kristendom en islam geane hân yn hân yn Van Harentsjerke yn Sint Anne

Moslims bidde yn de Van Harenstsjerke © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Alle freeds klinkt der in freedsgebed yn de Van Harentsjerke yn Sint Anne. Sa'n 30 oant 40 minsken fan de moslimmienskip út it azc yn it doarp komme dan gear yn de tsjerke om te bidden. Sneins brûkt de protestantske tsjerke it gebou.
Imam Ísmail Bölükba frege de Stichting Alde Fryske Tsjerken om de tsjerke te brûken as gebedsromte. Se sochten in plak dêr't se rêstich bidde koenen. Yn it azc is it faak drok, dêr kinne se gjin rêst fine.
Bölükba fynt dat it moai giet. "Minsken út it doarp komme ek wolris del by it gebed", seit er. "Earst wienen se wat ferrast, mar no begjinne se deroan te wennen. We sjogge dat se it wurdearje."
Wurd fan God en Allah yn Van Harenstsjerke yn Sint Anne
Wurdearring is der ek fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. "Ik krij der pikefel fan", seit Joke Bakker. "Hiel bysûnder. De minsken dy't no gebrûk meitsje fan de tsjerke, woenen ek graach wat werom dwaan."
Dat it no gjin protestantske mienskip is dy't de tsjerke brûkt, is foar de stichting gjin probleem. "We wolle graach dat ús tsjerken foar elkenien tagonklik binne."
Moslims bidde yn de Van Harenstsjerke © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It soarget der sels foar dat de tsjerke no net allinnich yn it wykein iepen is, mar ek fan woansdei oant en mei freed. "It wie hiel dreech om dêr frijwilligers foar te finen. Mar sy ha sein: as we no freedtemiddei hjir bidde meie, dan wolle we de tsjerke op woansdei, tongersdei en freed ek iepen sette en skjin hâlde."
We fine it moai om de tsjerke skjin efter te litten foar de oare besikers.
Imam Ísmail Bölükba
De tsjerke hat noch noait sa skjin west, seit foarsitter Teake Brandsma fan de pleatslike tsjerkekommisje. Dat is net foar neat, seit imam Bölükba. "It plak dêr't wy bidde, moat hiel skjin wêze. Dêrom komme we hjir foar én nei de tiid om de saak te himmeljen. We fine it moai om de tsjerke skjin efter te litten foar de oare besikers."
Hy is ek tankber dat de moslims in plakje krigen ha yn Sint Anne. "It freedsgebed is hiel wichtich foar ús leauwen. We moatte dat mei ús allen dwaan, mar we hienen noch in plak nedich. Ik bin hiel bliid dat we dat mei safolle minsken dwaan kinne yn dizze tsjerke."
De imam hat koartlyn ek in besite brocht oan de stichting Alde Fryske Tsjerken yn Ljouwert. As tank foar it brûken fan 'e tsjerke, naam er ashurasop mei. It sop stiet symboal foar ferskaat, freonskip, en ienheid en moat mei alle oanwêzigen dield wurde.